‘Oeral is in tiid foar’, it nijste ferske fan Onno Loonstra

desimber 31, 2020 09:39

Onno Loonstra (foto: Marit Anker)

Kommend jier sil Onno Loonstra wer in nij muzykalbum útbringe. As foarpriuwke komt op nijjiersdei it earste nûmer fan dit album út. It nûmer hat de tapaslike titel ‘Oeral is in tiid foar’. Ommers, nei dizze tiid komt der wer in oare tiid.

Foar elk dy’t it yn dizze tiid swier hat, mei 2021 hooplik wat better wurde. Onno winsket mei dit nûmer eltsenien alle goeds ta foar it nije jier.

De meldij fan it ferske is fan Onno Loonstra.  De tekst fan it nûmer is de letterlike Fryske tekst fan ‘Preker 3’. Tegearre mei Kees Bode is it ferske opnaam en bewurke.

It nûmer is te beharkjen op YouTube.

Ofbylding: Onno Loonstra

desimber 31, 2020 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.