Nije searje ‘Verborgen verleden’

desimber 8, 2020 08:52 Fernijd

Yn alwer it 14e seizoen fan de NTR-searje Verborgen verleden sil ek de 100e ôflevering útstjoerd wurde. Al hûndert kear hat de sjogger dan sjen kinnen hoe’t in lytse famyljeskiednis de grutte skiednis rekket; hoe’t tema’s as de Twadde Wrâldoarloch, it koloniale ferline of migraasje ynfloed hawwe op generaasjes dernei. Keningen en keizers kamen foarby, mar ek bidlers en fûnlingen, militêren, prostituees en strjitmuzikanten.

Ronald de Boer (foto: NTR)

Fan 9 jannewaris ôf sjogge we hoe’t it sit mei de famyljeskiednissen fan Ronald de Boer, Simone Kleinsma, Geert Mak, Rifka Lodeizen, Diederik Ebbinga, Merel Westrik, Danny de Munk en Paul de Leeuw. Der sille yn binnen- en bûtenlân moetingen wêze mei skeanskermers, keunstemakkers, gelearden, fjochtersbazen en echte fersetshelden. Yn it kylwetter fan Johan van Oldenbarnevelt wurdt it Binnenhôf besocht, mei in silhûetteur it Ryksmuseum en fan Teksel ôf fart in oarlochsfloat fuort yn ’e hoop dy ferrekte Ingelsken te ferslaan. En hie Ronald de Boer it Nederlânsk alvetal no eins foar ‘Die Mannschaft’ ferruilje moatten?

Ofbylding: NTR

De ôflevering mei Simone Kleinsma, de fjirde yn ’e rige, is de 100e. Op 9 jannewaris wurdt ôftrape mei Ronald de Boer.

Verborgen verleden is basearre op it Britske format Who do you think you are? en wurdt produsearre troch BlazHoffski ûnder einredaksje fan de NTR. Der wurdt gebrûk makke fan de ekspertize fan it CBG | Centrum voor familiegeschiedenis en de Nederlânske argiven en musea. Verborgen verleden wie foar it earst te sjen yn 2010.

Yn ’e searje ferskine eftergrûnferhalen by de ôfleveringen, fersoarge troch it CBG. Sjoch ek op www.verborgenverleden.nl.

Utstjoeringen: 9 jannewaris o/m 27 febrewaris, alle sneonen om 20.30 oere op NPO 2.

desimber 8, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.