Nije plysjeroman mei Ale Alema fan Jan Schokker
Resint ferskynd
Yn de nije plysjeroman fan Jan Schokker kriget Ale Alema mei in trijefâldige moardsaak te meitsjen en wurdt er sels ek ûnder fjoer nommen.
Oer it boek:
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan it sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega’s iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr’t in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy’t op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy’t it ynienen op Ale fersjoen hat?
Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
Oer de auteur:
Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fan syn fjouwerentweintichste ôf wie er selsstannich mei in eigen standbou- en beletteringsbedriuw. Skriuwen is fan jongs ôf oan in passy en nei in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen, no al it achtste boek. Hy wennet yn Nijehoarne.
Titel: De flecht fan Victor | Auteur: Jan Schokker (Nijehoarne, Fryslân) | Siden: 116 | ISBN: 978-94-6365-295-7 | Priis: € 14,95
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje