Nederlânsk regear moandei gear oer nije koroanaregels; dêrnei parsekonferinsje

desimber 13, 2020 19:30

Foto: GGD

It Nederlânske regear komt net earst tiisdei gear om deroer te kedizen hoe’t de koroanagoarre yn ‘e stringen hâlden wurde kin. De gearsit is nei moandei ta ferskood woarn, mei’t it lân der raar hinne leit. Der komme alle dagen mear ljuwe by dy’t it firus skipe hawwe en de ministers hawwe noed dat de sikehûzen de oanboazjende stream lijers skielk net mear treast binne.

It regear, sa wurdt grute, is fierders benaud dat der kloften Dútsers yn Nederlân komme te boadskipjen, no’t it regear fan dy harren lân teriede wurden is en slút woansdei de measte winkels. Dy eangstme soe in reden wêze kinne om de Nederlânske winkels ek lêst te jaan en doch de doarren ta.

It is sa njonkenlytsen wizânsje woarn dat de ministers tiisdeis oer it koroanabelied redendiele en dat foarste minister Mark Rutte en minister fan folkssûnens Hugo de Jonge neitiid de nije besluten fuort oan ‘e parse trochdogge.

Snein hawwe de ferantwurdlike ministers al fiif oeren mei wisse knikkers fan it RIVM gearsitten. Wat dat petear opsmiten hat, is noch net oan ‘e parse ferkrante woarn.

Bywurke moandei 10.00 oere: Premier Rutte hâldt fan ‘e jûn om 19.00 oere in taspraak oer de koroanamaatregels. Dat docht er út syn wurkkeamer yn it Tuorke wei. Minister De Jonge fan Folkssûnens sil dêrnei de parse te wurd stean.

desimber 13, 2020 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.