NBE ferkeapet firtuele stuollen Nijjierskonsert

desimber 24, 2020 10:13

Mei’t it tradisjonele Nijjierskonsert fan it Nederlânsk Blazers Ensemble op 1 jannewaris yn it Konsertgebou sûnder publyk spile wurde sil, hat it NBE in aksje betocht. NBE-fans kinne fia nbe-nl/nbeborrelpakket in firtuele stoel foar it konsert reservearje en krije in NBE-Boarrelpakket: sa wurdt nei it harkjen en sjen noch mear as in gehiel ûnderfûn en wurde de blazers finansjeel stipe yn dizze net sa maklike tiid.

NBE (foto: © Peter Lodder)

Ofbylding: NBE

Utstjoering op telefyzje
BNNVARA stjoert it bysûndere konsert op 1 jannewaris om 19.00 oere út op NPO 2. It NBE hat yn gearwurking mei Gastrovino yn Amsterdam in NBE-boarrelpakket gearstald. Der is kar út trije ferskillende pakketten: de Boarreldoaze, Partnerdoaze of Famyljedoaze. De doazen wurde fersoarge troch Gastrovino en oanfolle mei NBE-ferrassingen, ûnder mear it spesjale bierke ‘de Hoge Noot’. De opbringst dêrfan giet nei freelance musisy.

It is ek mooglik om de boarrelpakketten kado te jaan. Pakketten kinne oant en mei 27 desimber besteld wurde. Op 28 desimber sille alle pakketten ferstjoerd wurde of klearstean om ôfhelle te wurden.

desimber 24, 2020 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.