Nacht fan it Waad offisjeel fan start op langste nacht fan it jier

desimber 21, 2020 10:00

Hjoed, moandei 21 desimber, de koartste dei fan it jier, organisearje de noardlike Natuer- en Miljeufederaasjes en Ryksuniversiteit Grins de earste ‘Nacht van het Wad’. Dat wurdt fierd mei in online Planetariumshow fan 20.30 oant 21.30 dêr’t elkenien him by oanslute kin fia www.nachtvanhetwad.nl.

Foto: pixabay.com

Streekrjocht út de Teatertsjerke Nes wei nimt wittenskipssjoernalist Govert Schilling de online besikers mei yn ’e tsjusternis fan it Waad en fertelt wêrom’t tsjusterte sa wichtich is foar minske en bist. Ekstra bysûnder is dat hjoed de planeten Jupiter en Saturnus sa ticht oan ’e himel byinoar komme, dat se hast ta ien ljochtpunt gearrane. In foarstelling fan dat seldsume skouspul is by de Planetariumshow te sjen.

De Nacht fan it Waad is in dielprojekt binnen it programma Tsjusterte fan it Waad. Dat programma hat as doel om bewenners, rekreanten en toeristen de tsjustertes fan it Waadgebiet belibjete litten en nije rêstsykjende toeristen nei de Waadkust te lûken. Mei help fan belibbingsplakken en it hiele jier troch organisearre aktiviteiten wurdt dat realisearre. Under de neamer ‘Nacht van het Wad’ wurde fjouwer kear jiers ferskate eveneminten by de Waadkust lâns organisearre. Dêrby falt te tinken oan nachtkuiertochten- en Waadekskurzjes, diners by kearsljocht, nachtmuzyk, lêzingen en wurkateliers. Dy wurde holden mei astronomysk werkenbere nachten, lykas de koartste dei fan it jier.

De Nacht fan it Waad wurdt mei mooglik makke troch it Waadfûns en de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân. Mear ynformaasje is te finen op: www.nachtvanhetwad.nl.

desimber 21, 2020 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.