Teksten fan Gysbert Japiks yn in modern muzikaal jaske

desimber 28, 2020 16:46

Ek al skreau Gysbert Japiks teksten op psalmwizen en âlde muzyk, dochs fynt sjongeres Hiske Oosterwijk se geskikt foar moderne muzyk. Se makke nije komposysjes en bringt dy de kommende tiid út.

Op it konservatoarium ynspirearre Gysbert Japiks Hiske Oosterwijk al. Neidat se syn liettekst Jûnbea op muzyk útbrocht hie, kaam de Gysbert Japicx/Holkema-stichting mei it fersyk om mear op muzyk te setten. Hjirmei wol se syn namme en wurk yn eare hâlde.

Frou Oosterwijk is bekend wurden as jazzsjongeres. Se hat in talintepriis en in Frânsktalich konkoers wûn en mei Leny Dijkstra die se it projekt Taal op it Spoar. Se spile ûnder mear yn Ruslân mei in Russyske begeliedingsband. Ien fan de muzikanten spilet mei op it nije album. Neidat se wiisd waard op âlde Russyske muzyk, krige se dêr ek ynspiraasje fan.

“Op himsels wie it hiel oubollich,” seit de sjongeres, “mar it die my tinken oan de âlde melodyen fan Gysbert Japiks. It is hiel simpel mei koarte frazen en in soad werhelling. Dit wurket goed mei de klanken fan de Fryske taal en doe tocht ik: dat moat ik brûke om komposysjes mei te meitsjen.”

De kommende moannen bringt se lieten fan Gysbert Japiks op har muzyk út. De earste is Moarnsliet yn jannewaris. Yn oktober komt der in foarstelling fan it wurk.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 28, 2020 16:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.