Moderna-faksin goedkard yn Feriene Steaten

desimber 19, 2020 10:11

De Amerikaanske medisynautoriteit FDA hat lykas ferwachte it koroanafaksin fan farmaseut Moderna goedkard. Dat is, nei it ffaksin an Pfizer/BioNTech, it it twadde koroanafaksin dat troch de autoriteiten goedkard is.

Foto: pixabay.com

Nei alle gedachten sille de earste seis miljoen doasissen fan Moderna fdit wykein levere wurde. Neffens de produsint is it faksin foar 94 persint effektyf. Dat hâldt yn dat it middel 94 fan de hûndert brûkers tsjin in koroana-ynfeksje beskermet. De FDA kart it faksin no goed op basis fan in needferoardering. Moderna sil takomme jier in definitive lisinsje oanfreegje.

De Feriene Steaten hawwe 200 miljoen doasissen besteld. De Europeeske Kommisje hat it faksin fan Moderna ek besteld. It Europeesk medisynagintskip EMA besprekt it faksin op 6 jannewaris en sil it talitte as it yn oarder is. Dat is in wike earder as pland. Europa hat no 160 miljoen doasissen yn bestelling. Nederlân kin oanspraak meitsje op 3,89 persint fan dy hoemannichte. Yn Nederlân sille de intingen op freed 8 jannewaris úteinsette.

De reaksje fan presidint Trump op Twitter:

desimber 19, 2020 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.