Moasje Minority SafePack yn Twadde Keamer oannommen

desimber 18, 2020 10:00

Juster, 17 desimber, binne yn de Twadde Keamer in grut tal moasjes yn stimming brocht. Dêr wiene ek fiif moasjes by dy’t oer de Fryske taal en kuluer giene:

Van_der_Molen_en_Aukje_de_Vries_over_voortzetten_van_deelname_aan_de_Regeling_Letterhoeke

over_in_Europees_verband_ondersteunen_van_het_Europees_burgerinitiatief_Minority_Safepack

om_de_zichtbaarheid_van_het_Fries_en_de_communicatie_in_het_Fries_te_versterken

over_borgen_dat_aan_de_zorgplicht_voor_de_Friese_taal_en_cultuur_wordt_voldaan

ook_in_het_Fries_beschikbaar_stellen_van_informatie_over_het_coronavaccinprogramma

Foar it Minority SafePack hawwe stimd: PvdA, Krol, Van Kooten, GroenLinks, 50PLUS, DENK, D66, VVD, CDA en ChristenUnie (mei-inoar 106). Tsjin stimden: SP, Partij voor de Dieren, SGP, PVV en Forum (mei-inoar 43). Dat dat oantal ien minder is as de 150 leden dy’t de Keamer telt, komt trochdat der op it stuit ien fakatuere is. De oare fjouwer moasjes binne unanym oannaam.

Op deselde dei ferklearre it Europeesk Parlemint mei in royale mearderheid fan 524 stimmen ek efter it Minority SafePack te stean.

desimber 18, 2020 10:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Aaldert van der Veen desimber 20, 16:29

    Ik stim mei Twadde Keamer ferkiezings altijd op de SP. Mar no se tsjin it MinoritySafePack stimt ha, sil ik tink ik hast wol seker op de PvdA stimme. Hjir baal ik flink fan. En ik underfyn it as narjen. De SP moat sich skamje. En hun webside is ek net iens berikber.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.