Minder greidefûgelnêsten leechhelle troch stienmurden

desimber 10, 2020 08:07

Stienmurd. foto © Provinsje Fryslân

Om greidefûgels te beskermjen binne by wize fan proef yn ’e maitiid fan 2020 yn acht greidefûgelgebieten yn Fryslân mei-inoar sa’n njoggentich stienmurden fongen en dea makke. De proefgebieten wiene: Soarremoarrepolder, Sweagermieden, De Feanhoop, Warkumerwaard &Warkumerbûtenwaard, Fjoerlannen, Untginning, Janssenstichting en Skrok & Skrins. Yn alle gebieten – útsein De Feanhoop – waarden gâns minder nêsten fan greidefûgels troch stienmurden leechhelle.

It briedsukses bleau lykwols yn fiif gebieten benefter. Dat komt benammen trochdat de nêsten troch oare bisten lykas wezelingen, murden en harmelingen leechhelle waarden. Troch de mûzepyk en de sêfte winter binne dêr ferline jier folle mear fan grutbrocht. De ferwachting is dat dat tal takomme jier sakket omdat der yn 2020 folle minder mûzen wiene. De proef wurdt yn 2021 mei noch seis lokaasjes útwreide.

Monitoaring
Mei-inoar waarden der yn sechstjin gebieten 1300 nêsten mei wyldkamera’s folge troch de kollektiven, natuerbehearders en fûgelwachten. It tal nêsten dat útbret is wie yn de ferskillende gebieten wakkere ûngelyk. Fan de nêsten dy’t leechhelle waarden, makke it in grut ferskil troch hokker bist dat dien waard. Oer it generaal waarden de measte nêsten troch foksen en stienmurden leechhelle.

Yn it ramt fan de proef binne sân stienmurden yn fjouwer gebieten yn Fryslân en Grinslân fan in GPS-stjoerder foarsjoen. Dêr wurdt it libbensgebiet mei yn kaart brocht. It liket derop dat stienmurden net faak swimmend oerstekke. Undersocht wurdt oft in oare ynrjochting fan it lânskip ek bydrage kin oan it ferminderjen fan it leechheljen fan nêsten fan greidefûgels troch stienmurden. It monitoaren en de stienmurden fan in stjoerder foarsjen kriget dêrom yn 2021 in ferfolch.

Greidefûgelstân te leech
Yn parten fan de provinsje Fryslân is de greidefûgelstân fierstente leech om in sûne greidefûgelpopulaasje yn stân te hâlden. Ut earder ûndersyk docht bliken dat dat ûnder mear komt troch de yntinsive lânbou en foksen en stienmurden dy’t nêsten leechhelje. Sûnt de maitiid fan 2018 docht de provinsje dêrom proeven mei it fangen en deameitsjen fan stienmurden yn greidefûgelgebieten. Dêrneist wurdt der yn ’e mande mei boeren, natuerbehearders en frijwilligers ynset op it ferbetterjen fan it libbensgebiet fan de greidefûgels. Bygelyks troch it kreëarjen fan robúste greidefûgelkearngebieten mei krûderike en wiete gerslannen. Fernijd belied foar predaasjebehear wurdt yn maaie 2021 yn de nota behear en skeabestriding oan Provinsjale Steaten oanbean.

desimber 10, 2020 08:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.