Krystnachtstream

desimber 11, 2020 09:00 Fernijd

Gewoanwei sitte de Fryske tsjerken grôtfol op krystjûn, tradisjoneel it momint foar omtinken, gearwêzen en in bewyske nostalgy. De reguliere krystnachtsjinsten komme dit jier gauris te ferfallen en ek smûke krystkonserten binnen de Fryske HaFaBra-wrâld kinne oer it generaal dit jier net trochgean.

Yn de Greidhoeke hawwe se dêr in andert op: “Wy hâlde wol fan in útdaging, ek yn dit aparte jier. Folslein koroanafeilich organisearje wy yn gearwurking mei de tsjerklike mienskip Westerwert op krystjûn in live Krystnachtstream. Dêr bringe wy as muzykferiening Harmonie Weidum e.o., Kryst mei yn de Fryske wenkeamers. Boppeslach is de gearwurking mei dominy Hinne Wagenaar; mei-inoar hoopje wy mei dizze opset minsken waarmte en ljocht te bringen”, leit Janneke de Boer, foarsitter Harmonie Weidum, út.
“Alle ferieningen hawwe it dreech dit jier; earst de yntelliginte lockdown, dan it besykjen fan ferskate online aktiviteiten, dan repetearje op twa meter ôfstân en dêrnei mei net mear as tritich muzikanten yn de repetysjeromte. Hoe is elkenien by klup te hâlden? Bûten dat de feriening it dreech hat, hawwe de leden ek har eigen koroanalijen. Undernimmingen dy’t platlizze, ûnwissens, fertriet, ferlies, eangst miskien ek wol. It jier is suver in mentale rollercoaster; yn maart mei entûsjasme spylje by soarchynstellingen, letter fol fjoer repetearje en fan ’t hjerst lieten we de moedfearren wolris hingje. Mei ús krystnachtstream wolle wy mei de harkers efkes stilstean en tagelyk mei optimisme foarút sjen. Want sis no sels, mei-inoar is alles better.”

De krystnachtstream op krystjûn is fan 21:30 ôf live te folgjen. Spesjaal foar soarchynstellingen is it mooglik om gebrûk te meitsjen fan de fergeze service om it konsert sawol op Earste as Twadde krystdei te sjen. De link nei de livestream is te finen fia www.harmonieweidum.nl. Soarchynstellingen kinne har lâns dy wei ek melde om in aparte link te ûntfangen. De Boer dêroer: “It tydstip is fansels typearjend foar in krystjûntsjinst, mar wat soe it moai wêze as wy hjirmei folle mear minsken bliid meitsje kinne… Dêrom komme wy hiel graach yn kontakt mei de Fryske soarchynstellingen. Hjir dan ek ús oprop ‘Meld jimme oan!’

desimber 11, 2020 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.