Konserten Noord Nederlands Orkest live by Omrop Fryslân
Resint ferskynd
It Krystkonsert en it Nijjierskonsert fan it Noord Nederlands Orkest binne op 17 desimber en 2 jannewaris live te sjen by Omrop Fryslân. Elkenien dy’t net yn de konsertseal wêze kin troch de beheinde sealbesetting, kin sa dochs de konserten belibje. De konserten binne by Omrop Fryslân te folgjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De útstjoeringen binne in gearwurking fan it NNO, Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.
It Krystkonsert
It Noord Nederlands Orkest bringt op 17, 18 en 19 desimber it Krystkonsert. Yn Drachten, Ljouwert en Grins spilet it orkest neist in pear typyske Ingelske ‘Christmas Carols’ en tradisjonele Dútse krystlieten ek muzyk fan Georg Friedrich Händel. It konsert op 17 desimber yn De Lawei yn Drachten wurdt fan 20.00 oere ôf live útstjoerd op Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It konsert is ek online te besjen op de kanalen fan RTV Noord en RTV Drenthe.
It NNO Krystkonsert wurdt laat troch Risto Joost, mei sopraan Louise Kemény, mezzo-sopraan Barbara Kozelj en presintatrise Nynke Heeg. Hichtepunt fan it konsert is Händels Music for the Royal Fireworks, oarspronklik skreaun foar de lûdroftige besetting fan in militêr orkest foar in foarstlik feest, en ek tige geskikt om it âlde jier út te knallen. Sjoch foar mear ynformaasje op: nno.nu/concert/kerstconcert.
Nijjierskonsert en fierdere gearwurking
De trije Noardlike omroppen en it NNO hawwe ôfpraat om mear konserten út te stjoeren fia de ferskillende online kanalen en op ‘e telefyzje. Dat om alle minsken yn Noard-Nederlân genietsje te litten fan klassike muzyk en harren Noord Nederlands Orkest yn dizze tiid dochs mei te meitsjen. Ek it Nijjierskonsert fan it NNO, mei soliste Francis van Broekhuizen, is live te folgjen. It Nijjierskonsert is op 2 jannewaris fan 21.00 oere ôf live te sjen út ‘e Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wei. Op telefyzje en online by Omrop Fryslân en online fia RTV Drenthe. Nei jannewaris steane der noch sa’n 5 konserten pland, dy’t live útstjoerd wurde. Einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Wy fine it tige wichtich om it Fryske/Noardelike publyk de kâns te jaan om te genietsjen fan moaie konserten. Foaral no’t minsken thús bliuwe moatte, is it weardefol dat de omroppen op dizze wize kultuer yn ‘e hûs bringe kinne.”
NNO-konserten live
Krystkonsert:17 desimber, 20.00 oere, live op TV, Omropfryslan.nl en de Omrop-app
Nijjierskonsert: 2 jannewaris, 21.00 oere, live op TV, Omropfryslan.nl en de Omrop-app
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje