Kolleezjes fan de Akademy fan Frjentsjer thús te folgjen

desimber 10, 2020 09:31

De Akademy fan Frjentsjer bringt in trijetal kolleezjes live yn de húskeamer yn it programma Thúsakademy. De Akademy is drok dwaande om fan Frjentsjer wer in universiteitsstêd te meitsjen. De kolleezjes binne gewoanwei foar publyk tagonklik, mar yn dizze koroanatiid is dat net altyd mooglik. Dêrom bringt de Akademy mei Omrop Fryslân de kolleezjes by de minsken thús.

Akademy fan Frjentsjer (foto: Omrop Fryslân)

Universiteitsstêd fan doe
De Akademy fan Frjentsjer stie in pear iuwen lyn oan de top fan de wittenskiplike wrâld, mei studinten út binnen- en bûtenlân. De akademy sette him ek yn foar in keppeling fan de wittenskiplike wrâld mei de maatskippij. Sa waard der net allinne kolleezje jûn yn it Latyn, mar ek yn it Nederlânsk, lykas yn wiskunde, mjitkunde, astronomy en skipfeartkunde. Oan de akademy kaam yn 1811 in ein, doe’t Napoleon Bonaparte him sleat.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Stichting Akademy fan Frjentsjer
Trije jier ferlyn is de akademy nij libben ynblaasd. De stichting ‘Akademy fan Frjentsjer’ is opset om it universitêre ferline fan Frjentsjer op in moderne wize oplibje te litten. Dêr hat de akademy him foar spesjalisearre op in fjouwertal tema’s: ‘Natuur en Techniek’, ‘Mens en Gezondheid’, ‘Recht en Omgeving’ en ‘Letter en Geest’. De Akademy fan Frjentsjer wurket hjoed-de-dei gear mei Campus Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins.

Kolleezjes foar elkenien
Om de ferbining tusken de wittenskip en de maatskippij no ek fuort te setten, organisearret de akademy publykskolleezjes. Dat binne kolleezjes dy’t foar elkenien tagonklik binne, foar minsken dy’t derfoar iepen steane om wat nijs te learen. Omrop Fryslân bringt yn Thúsakademy trije kolleezjes by de minsken thús mei as tema: ‘Donkere dagen’.

Sa wie yn de útstjoering fan juster it kolleezje ‘Stralen in het donker’ fan Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium, te folgjen. Yn syn kolleezje stiet de stjerrehimel fan de winterperioade sintraal. Takomme wike is dr. Sytze Ypma sprekker fan it kolleezje. Yn ‘Dolen in het donker’ wurdt it komplottinken yn tiden fan krisis besjoen, want elkenien reagearret dêr oars op. It foarearst lêste kolleezje is yn hannen fan Em. Prof. dr. Rolf Bremmer en giet oer ‘Feesten in het donker’. Dan, oan de foarjûn fan it Ljochtfeest by útstek, wurdt de mienskiplike dieler socht fan al dy feesten mei sa’n ferskaat oan histoaryske eftergrûnen: fan Sint-Marten oant en mei Marije-Ljochtmis.

Besjoch hjir de earste ôflevering fan 9 desimber.

De folgjende kolleezjes fan Thúsakademy oer ‘Donkere dagen’ binne woansdei 16 en 23 desimber fan 20.30 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online.

desimber 10, 2020 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.