Keunstwurken yn alve Fryske stêden en plakken

desimber 26, 2020 08:53

De provinsje Fryslân hat yn gearwurking mei Writer’s Block Murals alve keunstwurken delset, yn alve Fryske stêden en plakken. Dêrmei wolle se, mei de mienskip, in positive en stypjende krystgedachte by de Fryske mienskip bringe. It biedwurd dêrby is: ‘Ik tink oan dy’.

Foto: Mitch de Pon Ljouwert

Peter Reen en Serge Hollander fan Writer’s Block Murals: “Wy leauwe der sterk yn dat mienskip, sosjale ferbûnens, krêftebondeling en positive enerzjy is, wat ús maatskippij just no hurd nedich hat. Each foar in oar, dy’t just yn dizze perioade stipe brûke kin. In lyts freonlik gebeart mei gruttere ympekt as we faaks tinke soene. De Fryske keunstner Wytze Hoogslag lit jo fia de kleurrike keunstwurken witte dat ien oan jo tinkt.”

In aansichtkaart foar in dierbere
De muorreskilderijen binne yntusken troch Wytze Hoogslag yn alle alve stêden en plakken ynkleure. Fan de muorreskilderijen binne alve aansichtkaarten makke. Dy kaarten sille nei de lockdown bekikber wêze yn winkels yn alle belutsen stêden. De alve kaarten binne no ek al online beskikber. Elkenien kin fergees in sels yn te kleurjen ferzje delhelje en útprintsje fia de webside fan Merk Fryslân: friesland.nl/ynferbining. Op Writersblock omapost.nl kinne de minsken in troch de keunster ynkleure ferzje kieze fan in aansichtkaart en dy streekrjocht digitaal opstjoere nei pake, beppe, omke, muoike, freon of freondinne of in oare dierbere dy’t in opstekker brûke kin.

Deputearre Douwe Hoogland: “Neffens my hawwe wy, nettsjinsteande de strangere maatregels in moaie manier fûn om dy minsken, dy’t yn dizze feestlike en dochs iensume tiid ekstra stipe nedich hawwe, witte te litten dat wy oan harren tinke. Iensumens en ûnfoldwaande soarch foar inoar komt foar yn ús Fryske maatskippij. En mei dizze keunstwurken kinne wy mei-inoar sjen litte dat wy dêr omtinken foar hawwe.”

desimber 26, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.