Keamerleden pleitsje foar better taalbelied foar Frysk
Resint ferskynd
It Ryk moat de provinsje Fryslân by syn offisjele namme neame en net as Friesland oantsjutte, ynformaasje oer it koroanafirus moat yn it Frysk beskikber wêze en der moat mear jild komme foar Fryske kulturele ynstellingen. It binne mar in pear fan de rige maatregels dêr’t ferskate leden fan ‘e Twadde Keamer woansdei foar pleiten.
Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren, dy’t it belied oangeande it Frysk op ’e noed hat, wie it iens mei de Keamerleden. Hja stimde ek yn mei it moasje fan de Fryske Keamerleden Harry van der Molen en Aukje de Vries dat de Fryske taal sichtberder wurde moat op iepenbiere gebouwen. Fierder sil hja mei de oare ministers prate oer de mooglikheid dat Nederlân wat bydraacht oan de oanrekommandaasjes dy’t okkerdeis yn it Europeesk Parlemint dien binne om wat te dwaan foar minderheidstalen. It Dútske parlemint naam okkerdeis ek sa’n beslút.
Neffens de minister hoecht it net oant 2030 te duorjen foardat alle skoallen yn Fryslân it Frysk op it nivo oanbiede dat de wet foarskriuwt. “We versnellen dat door de aanpak die provincie heeft gekozen”, sei hja.
Fierders wurdt der wurke oan de behearsking fan it Frysk by telefonisten fan de meldkeamer Noard-Nederlân en komt der jild om mear Frysk-Nederlânske tolken oan te stellen by de rjochtbanken.
It iennichste dêr’t de minister net yn meigean woe, wie in fersyk fan Van der Molen en frou De Vries om de Rykssubsydzje foar Tresoar te hanthavenjen. It Ryk wol dat provinsjes har eigen biblioteken en argiven finansierje. Neffens de Keamerleden soe der foar Fryslân in útsûndering komme moatte fanwegen it belang fan Tresoar foar de Fryske taal.
Ik ferwachtsje neat fan Ollongren, te arrogant om wat foar Fryslan te dwaan.