Jongfriezen út ’e skroeven oer moasje Minority SafePack

desimber 16, 2020 12:45

Ynstjoerd

Hjoed komt yn it Fryske Parlemint – de Provinsjale Steaten – de moasje ‘Minorty SafePack Initiative’ oan ’e oarder. Mei dy moasje fersykje 11 fan de 12 Steatefraksjes it Nederlânske Regear om it Minority SafePack Initiative te stypjen. Dat boargerinisjatyf wol dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâldt mei nasjonale minderheden en it kultureel en talich ferskaat yn Europa.

De Jongfryske Mienskip tanket no al de alve partijen foar harren ynset en stipe foar dy moasje. Dêrmei jouwe se, nei ús tinken, in wichtich sinjaal ôf oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Dy wichtige pylders foar de Fryske mienskip steane ûnder druk en mei in sinjaal lykas dit wurdt goed oanjûn dat se it Fryske belang sjogge, ek yn Europeesk ferbân.

It fernuveret it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip dat de âld-‘Forum van Democratie’-leden de moasje noch net stypje. De ‘wolf yn skiepsklean’ pretindearret hieltiten wer it bêste mei Fryslân foar te hawwen, mar as it derop oankomt litte se it blykber kear op kear ôfwitte.

Yn it radioprogram ‘Weistra op wei’ fan 7 desimber sei Foarum-lid Albert van Dijk noch: “Wy hawwe altyd it Fryske belang tsjinne.” No, in goed wike letter, liket it derop dat se it Fryske belang spikerhurd falle litte sille. Wy freegje ús dêrom ôf oft it ‘Foarum’ opnij sjen lit dat it neat mei Fryslân, syn taal, kultuer en identiteit hat, en dus it Haachske belang tsjinnet.

Wy folgje de ûntwikkelingen yn it Fryske Parlemint mei in soad oandacht, en hoopje dat de âld-Foarumleden ta ynkear komme en it belang fan de ynwenners fan Fryslân tsjinje sille.

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip

desimber 16, 2020 12:45
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Nanne Hoekstra desimber 19, 16:16

    Dit is no al it twadde brief dêr’t de Jongfriezen yn flirte mei de Fryske Foarumers. Wat moat dat? Wat ha jim te sykjen by in klup dy’t de klimaatferoaring leagenet? Dyen fine it blykber net slim dat Fryslân der skielk ûnder strûpt en de Friezen yn in diaspora bedarje. Ik wol net leauwe dat jim oprjochter Douwe Kalma dêr op doelde mei syn biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’.

  2. Cor Jousma desimber 20, 16:43

    Kalma swalke polityk letter wol yn hiele rjochtse kriten. Miskien soe it bestjoer him dochs noch ris yn de skiednis ferdjipje kinne.

  3. Klaas Aaldert van der Veen desimber 20, 17:42

    Just omdat Douwe Kalma fan de ferkearde kant wie,om it sa mar ut te drukken, folget de JFM Forum voor Democratie mei belangstelling tink ik. Hie Douwe Kalma letter berne west dan hie d’r miskien wol lid west fan de LPF. En at de leden fan de JFM niks mear mei de skiednis fan de JFM te meitsjen ha woene, hiene se de namme wol feroare.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.