It stimmen foar populêrste Fryske Radioreklame set útein

desimber 11, 2020 15:39

Eltsenien kin fan hjoed ôf stimme foar de Fryske Radioreklame Publykspriis. Der kin in kar makke wurde út trije nominearre spotsjes en in stim útbrocht wurde op www.fryskereklamepriis.frl.

Under alle stimmers wurdt in VVV-weardebon ferlotte mei in wearde fan € 250.

Begjin 2021 wurdt bekend makke hokker spotsje oft de measte stimmen krige en dêr de Fryske Radioreklame Publykspriis mei wûn hat. De winner kriget it ferneamde byldsje fan Grutte Pier en in sjek fan € 250.

De trije nominearre spotsjes/bedriuwen binne:
– Meulen & Baarsma Quality beds
– Doeksen Rederij
– Frysk Makelaars

It doel fan de Fryske Reklamepriis is om it fan it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen re stimulearjen. De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt sûnt 1995 organisearre.

desimber 11, 2020 15:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.