It sil heve: Brútstappers hawwe akkoarte mei EU

desimber 24, 2020 16:58

“Der leit in akkoart.” Mei dat sintsje makke Ursula von der Leyen, foarsitster fan ‘e Europeeske Kommisje, hjoed in ein oan allegear spekulearderij oer wat der barre soe as it Feriene Keninkryk sûnder ôfspraken út de EU stappe soe. Formeel is it lân der al sûnt febrewaris út, mar it hobbelet oant en mei 31 desimber noch wat mei. Op 1 jannewaris is it lykwols hielendal lid ôf.

De EU en it FK binne der lykwols út kommen. De Britske premier Boris Johnson wie optein. Hy sei: “Alles wat it Britske folk tasein is, wurdt levere mei dit akkoart. Wy binne wer baas oer ús sinteraasje, ús grinzen, ús wetten, hannel en fiskwetter.”

Dat fiskwetter wie noch in drege saak, dêr’t aardich oer harsenskrabbe is. It FK woe gjin fiskers út oare lannen yn syn fiskwetter mear hawwe, de EU gie dêr net samar mei akkoart. Hoe’t it no komt mei de kwestje, is noch net dúdlik.

Definityf is it akkoart noch net. It Europeesk Parlemint moat noch ja sizze en dat moat it akkoart earst lêze. It bestiet út in dokumint fan sa’n twatûzen siden, dat dat duorret wol in skoftsje. Kati Piri, dy’t foar Nederlân yn it Europeesk Parlemint sit, seit: “Tot dusver hebben we geen enkel woord gezien dat op papier is gezet. Het is dus van belang dat de komende weken alle onderdelen goed worden bestudeerd, voordat het Europees Parlement overgaat tot goedkeuring.”

desimber 24, 2020 16:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren desimber 24, 17:07

    Moai dat se der einliken út binne. Kinne we ús dwaande hâlde mei wichtige saken. Ek Rutte kin fierdergeande yntegraasje net maar tsjinhâlde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.