“It is neat”, rôp it folk, “mar dêrom krekt!”

desimber 25, 2020 06:30

Oertinking op Krystmoarn

Dy krystmoarn dat ik in jongeman yn ’e tsjinst nei foaren helle om it krystferhaal út it evangeelje fan Lukas foar te lêzen, is my noch nea út it sin. It wie in jongeman dy’t it nedige op syn kerfstôk hie. Je kinne jin fansels ôffreegje oft je sa’nien op krystmoarn wol it poadium gunne moatte. Ik bedoel, immen dy’t sitten hat foar de misdieden dy’t er begien hat. Dochs haw ik der nea spyt fan hân.

Fan in kollega dy’t finzenisdominy is, haw ik leard: wa’t him yn ’e bak boppe de boeven ferheven fielt en net fan harren hâldt, hat dêr neat te sykjen. Want dan sil je se nea helpe kinne in oar libben op te bouwen.

No bin ik gjin finzenisdominy, mar as gemeentedominy kin soks wol op jins paad komme. Dat barde my doe’t in mem my frege om har soan yn de finzenis op te sykjen. Sa kaam ik foar it earst yn Brazilië. En ek foar it earst yn in finzenis.

No sil ik hjir net oer útweidzje, mar ik kin wol sizze dat finzenissen yn Brazilië minske- ûntearjend binne. Hiel wat kearen kamen de wurden fan Bonhoeffer my yn ’t sin, dy’t sei: doch de mûle iepen foar de swakken, ek as dat jins eigen befoarrjochte posysje yn gefaar bringt.

De gedachte oan dy krystmoarn hat makke dat de skiednis dy’t Lukas fertelt, foar my, yn in oar ljocht is kommen te stean. Lukas giet op in hiel eigen wize mei syn fertelling om. Hy nimt ús mei nei gehuchtsjes lykas Nazaret en Betlehem. Dêr begjin it grutte ferhaal en leit de kym fan de wrâldskiednis dy’t der echt ta docht. Je moatte it mar oandoarre!

“’t Is neat”, ropt de wrâld. “Dêrom krekt!” flústeret Lukas. “Ik skamje my net foar in suterige omjouwing. It giet my om Gods grutte dieden, om Ljocht foar de wrâld.” It foarfal dêr’t Lukas oer skriuwt, giet fierder as al dy opsmuk fan Kryst.

En lit my no krekt hjoed, Kryst 2020, begjinne oer in jongeman waans libbensskiednis flink wat skrassen oprûn hat. Der is yn syn bernejierren te folle foarfallen dat it deiljocht net ferdrage kin. Lit my it mar famyljegeheimen neame. Hy skammet him derfoar.

In soad lju ha alris tsjin him sein: “Dêr kinsto dochs neat oan dwaan? Do hoechst dy net ferantwurdlik te fielen foar wat dyn âlden dien ha.” Mar dêr wie dizze jongeman net mei rêden. It foarteam siet him yn ’t paad. Hy twivele oan himsels. It wie dan ek in hiel gefjocht om yn it libben immen te wêzen. En krekt dêr hie er sa’n ferlet fan: immen wêze. Faaks hie er yn dizze útsonderlike tiid ta syn rjocht kommen, bygelyks as ferpleger of as sjauffeur op in sike-auto.

Werkenber? Dan freegje ik jo hjoed it krystferhaal (Lukas 2,1-20) nochris te lêzen. Wit wol dat God nea spyt krije sil. Hy gunt jo mei Kryst mar wat graach it poadium. Ik wol dan ek graach it oantinken fêsthâlde oan dy kear dat dy jongeman, ûntslein út de finzenis, it krystferhaal yn ’e tsjerke lies. Dat wie yn in doarpke hjir yn Fryslân. “’t Is neat”, rôp it folk, “mar dêrom krekt!”

De brutsenens yn dizze wrâld is der en dy skjirret troch. Benammen mei Kryst komt dy sa tichteby. Wy minsken kinne dy brutsenens net opheffe. Wat wy wol kinne, is mear op Kristus lykje. En witte dat Hy yn de djipste djipten by ús is.

Hjoed betinke wy dat der yn it gehucht Betlehem in nije kâns leit. Hjir meie wy in nij begjin meitsje. As de grûn ús ûnder de fuotten weifage is en ús libben yn diggels leit, dan meie wy hjir opnij beginne. Yn in skeamele stâl is it Ljocht foar de wrâld berne.

Knibbelje mar. Gûl mar. Dit Bern yn ’e krêbe wit derfan. Hy wit hoe’t minsken inoar reitsje en kwetse kinne. Dit Bern wit fan fernederjen, mar ek fan ferjaan en leafde. Syn Heit is God. Dy Heit easket alles fan syn Soan, werklik alles! Sis mar it ûnmooglike.

Leafde freget alles fan ús. Krekt yn de leafde kinne wy fêstrinne, yn it nau brocht wurde. Mar der is útkomst. Der is ien dy’t Him oer ús bekommeret. Mei dit Bern, berne yn in stâl, lizzend yn in skeamele fuorbak meie wy in nij libben begjinne.

ds. Foekje-Fleur Fink, Burgum

desimber 25, 2020 06:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.