It Fryske Gea en de lockdown
Resint ferskynd
Nijs fan it Fryske Gea
Fanwegen de koroanamaatregels hat It Fryske Gea syn besikerssintra en hutten dêr’t fûgels besjoen wurde kinne sletten, mar syn natuergebieten binne iepen. Dêr is it sels drokker as oars en dêrom riedt de natuerorganisaasje de besikers oan om net yn it wylde wei deropút te gean, mar thús earst al, mei help fan www.itfryskegea.nl/mooieplekjes, in kar te meitsjen. Op dy side stiet ek de nedige ynformaasje oer dy moaiste plakjes. It foarôf kiezen beheint it tal reisbewegingen. It is ek oan te rieden om in alternatyf te kiezen as bliken docht dat it op it plak fan de earste kar te drok is, wat op it parkearplak al te sjen is.
It Fryske Gea moediget de besikers oan om foto’s te meitsjen fan al it moais dat se tsjinkomme en fan 21 desimber ôf mei te dwaan oan de fotowedstrijd Kiek’es! Wa’t leaver thúsbliuwt kin ek fan de Fryske natuer genietsje troch dy op Facebook en Instagram op te sykjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje