Iris Kroes wol de wrâld ynspirearje mei nije single ‘Dare to be You’

desimber 6, 2020 08:51 Fernijd

Iris Kroes hat har nije single lansearre. It nûmer ‘Dare to be You’ is spesjaal skreaun om de wrâld te ynspirearjen. Omrin, duorsum ôffal- en enerzjybedriuw, fiert syn 25-jierrich jubileum en hat de sjongeres frege om dêr op eigen wize by stil te stean. “It nûmer giet oer jinsels doare te wêzen en dat men net bang wêze moat om de wrâld feroarje te wollen”, fertelt de Fryske sjongeres en harpiste. “‘Dare to be You’ is spesjaal foar de portretsearje fan markante noarderlingen skreaun, mar past ek tige goed by my.”

Iris Kroes (foto: © Erikjan Koopmans Photography)

Ynspiraasje út de ynspiraasje fan oaren
De ynspiraasje foar har nûmer helle Iris út persoanlike ferhalen fan markante Friezen en Grinslanners. “Ik haw alle fraachpetearen lêzen en besocht om de reade tried te fangen yn it nûmer. Soest sizze kinne dat ik ynspiraasje út de ynspiraasje fan oaren helle ha”, laket Iris. “Dat wie bêst lestich, mar ik bin hiel grutsk en bliid mei it einresultaat.” De ferrassende ferhalen fan bekende en minder bekende persoanlikheden binne te finen op www.inspireerdewereld.nl. Iris sels fertelt ek oer har ynspiraasje en leafde foar de wrâld en muzyk.

No op Spotify
Iris Kroes makke it nûmer ‘Dare to be You’ foar de kampanje Inspireer de Wereld fan Omrin mei ferskesskriuwers Heleen Roosdorp en Pascal Münger. It nûmer is te finen op Spotify.

desimber 6, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.