In protte Top 2000 tusken kryst en âld & nij

desimber 26, 2020 08:51 Fernijd

De NTR pakt ein desimber tradisjoneel wer flink út mei de Top 2000 a gogo. Op Twadde Krystdei set de Top 2000 a gogo útein mei seis nagelnije ôfleveringen, dy’t yn ferbân mei de hjoeddeiske koroanamaatregels sûnder publyk opnommen wurde.

Leo Blokhuis (l.) en Matthijs van Nieuwkerk (foto: NTR)

Presintator en gasthear Matthijs van Nieuwkerk ûntfangt ferskate bysûndere gasten yn it Top 2000-kafee en syn muzikale stipe Leo Blokhuis djippet lykas wenst opmerklike ferhalen út de popskiednis op. Fansels sit de searje fol mei fideoklips, reportaazjes en nijsgjirrige ferhalen. En foar it earst dit jier is der in Top 2000 a gogo-húsband ûnder lieding fan Cyril Directie.

Top 2000 a gogo
Top 2000 a gogo – ôflevering 1, 26 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn de earste ôflevering in reportaazje oer de Deenske artyst Lukas Graham en de hit ‘7 years’. Fierder fertelt Wende Snijders wêrom’t Kate Bush har favorite Top 2000-artyst is en nimt presintator Art Rooijakkers it op tsjin presintator Lucille Werner yn de kwis.

Top 2000 a gogo – ôflevering 2, 27 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn dizze ôflevering ûnder mear in reportaazje oer Rowwen Hèze en syn hit ‘Vlinder’ en de Nederlânske band Kayak oer it ûntstean fan de hit ‘Ruthless Queen’. Yn ’e kwis nimme musical-aktrise Simone Kleinsma en akteur Huub Stapel it tsjininoar op en leit Amearikakorrespondint Michiel Vos út wêrom’t Led Zeppelin syn favorite Top 2000-artyst is. De húsband ûnder lieding fan Cyril Directie ferwolkommet as gastmuzikant bandoneonspiler Carel Kraayenhof.

Top 2000 a gogo – ôflevering 3, 28 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn dizze ôflevering binne der reportaazjes te sjen oer Racoon en Valensia en harren hits ‘Oceaan’ en ‘Gaia’. Dêrneist nimt yllusionist Hans Klok it yn de kwis op tsjin presintator Nadia Moussaid. Skriuwster Marieke Lucas Rijneveld pleitet foar mear Boudewijn de Groot yn ’e Top 2000. De húsband ferwolkommet hammondspiler Thijs Schrijnemakers as gastmuzikant.

Top 2000 a gogo – ôflevering 4, 29 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn dizze ôflevering in bysûndere reportaazje oer Mick Jagger en it ûntstean fan it nûmer ‘Sympathy for the Devil’ en de band Fox the Fox oer syn hit ‘Precious little diamond’. De kwis wurdt spile mei de boargemaster fan Amsterdam Femke Halsema en presintator Hélène Hendriks. Fierder fertelt de presidint fan de Nederlânske Bank Klaas Knot oer syn foarleafde foar The Rolling Stones. De húsband ûnder lieding fan Cyril Directie hat diskear de kowebelspiler Gino Bombrini as gastmuzikant.

Top 2000 a gogo – ôflevering 5, 30 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn dizze ôflevering spylje radio-dj Fernando Halman en kabaretier Martijn Koning de kwis en binne der reportaazjes te sjen oer Within Temptation en Rob de Nijs. En ferdigenet muzikant Torre Florim fan De Staat syn foarleafde foar de Beastie Boys. De húsband spilet mei gastmuzikant fluitist Ronald Snijders.

Top 2000 a gogo – ôflevering 6, 31 desimber, 19.25 oere, NPO 3.
Yn ’e lêste ôflevering nimme yn de kwis presintator Dionne de Graaff en sjonger-ferskesskriuwer Lucas Hamming it tsjininoar op. En binne der reportaazjes te sjen fan Ian Gillan & Roger Glover fan Deep Purple oer harren wrâldhit ‘Child in time’ en mei Harry Slinger fan Drukwerk oer ‘Je loog tegen mij’. Muzikant Candy Dulfer makket dúdlik wêrom’t Tupac nei har miening yn ’e Top 2000 thúsheart.

Oer de Top 2000
De NPO Radio 2 Top 2000 is ien fan de grutste radio- en muzykeveneminten fan Nederlân, dêr’t alle jierren sawat tsien miljoen minsken nei sjogge en harkje. De list mei 2000 nûmers wurdt alle jierren troch it publyk gearstald en is te hearren fan Earste Krystdei oant en mei âldjiersjûn op NPO Radio 2. De NTR fersoarget de telefyzjeútstjoeringen Top 2000 Quiz, Top 2000 – The Untold Stories en Top 2000 a gogo op NPO 3. Yn it telefyzjeprogramma Pick-up Tour (AVROTROS), alle dagen te sjen op ferskate mominten yn ’e jun op NPO 1, besytsje de dj’s fan NPO Radio 2 fan 23 oant en mei 31 desimber minsken dy’t in bysûndere bân hawwe mei in nûmer út de Top 2000.

De útstjoering fan de Top 2000 út it Top 2000-kafee wei yn Beeld en Geluid yn Hilversum is ek 24 oeren deis te folgjen fia nporadio2.nl, NPO 2 extra en nachts op NPO 3.

Utstjoeringen:
Top 2000 a gogo: 26 o/m 31 desimber, 19.25 oere, NPO 3

desimber 26, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.