In nije praatklup

desimber 22, 2020 12:29

Ynstjoerd

Dingtiid hat ús bliid makke mei in nij advys. Dizze kear giet it oer de ynstituten dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk. Dingtiid is nei petearen mei belutsenen ta de konklúzje kommen dat der te min gearwurke wurdt. Se soene te folle op har eigen eilantsjes ompiele sûnder te witten wat oaren dogge. Dingtiid hat in simpele oplossing: lit se gearwurkje en har wurk ôfstimme yn in nij orgaan, kommisje of wat dan ek, ûnder de namme Kennisberie Frysk. “Dêrtroch wurdt de taal fersterke en ûntstiet der mear draachflak foar it Frysk”, tinkt Dingtiid.

Mei dy fetprinte doelstelling wolle men it graach iens wêze. De analyze dy’t jûn wurdt sil elkenien bekend foarkomme. Der is wis wat in hokjesgeast woeksen yn it Fryske kennislânskip. Al jier en dei is der sprake fan ferkokering. Lytse baaskes dy’t besykje om safolle mooglik projekten yn te heljen, omdat oars harren eigen ynstitút yn gefaar komt. Wa’t it tûkst is kin syn eigen minsken oan it wurk hâlde. En nim harren dat ris kwea ôf. It heart by de hjoeddeiske kultuer fan de merkwurking. It is net de earste kear dat der pleite wurdt foar mear ôfstimming en gearwurking. Men hoecht allinne mar te tinken oan de diskusje fan in pear jier lyn, doe’t de ‘Fryske poat’ fan de RUG hjir yn Fryslân in goed ûnderkommen socht. Wat hie der mear foar de hân lein as dy ûnder te bringen yn de Fryske Akademy? Mar ek tritich jier lyn, doe’t der noch gjin Tresoar bestie, ha wy as hegeskoallen en de doe noch selsstannige Provinsjale Biblioteek besocht om dy te yntegrearjen. De polityk stuts der in stokje foar. Dat dêrnei de Provinsjale Biblioteek, It Ryksargyf en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum ûnder de namme Tresoar de lapen gearsmiten ha, moat as winst sjoen wurde.

No leit der it advys fan Dingtiid: stel in Kennisberie Frysk yn. Want seit Dingtiid: “De winsk om de situaasje te feroarjen libbet yn it fjild. De kennisynfrastruktuer Frysk hat fersterking nedich.” Ja, dat mei sa wêze, mar fine de taalbrûkers yn Fryslân dat ek? Hoefolle minsken witte wat de Fryske Akademy en Afûk binne of hat immen heard fan MA Multilingualism en BA Minorities & Multilingualism? En soene der mear learlingen yn it fuortset ûnderwiis kieze foar Frysk as eineksamenfak en komme der in soad nije dosinten Frysk, lykas Dingtiid tinkt, as der sa’n Kennisberie Frysk yn it libben roppen wurdt? As ik nei dy fetprinte sin hjirfoar sjoch, dy’t as doel foar dit Berie steld wurdt, dan soe myn fraach wêze hoe krije wy Friezen taalbewust en nijsgjirrich nei eigen skiednis en gea én hoe krije wy se safier dat se dy taal brûke? It is wer sa’n typyske Fryske oplossing. Soe der echt wat feroarje as wy der noch sa’n praatklup by krije? Wy meie de oplossing graach sykje yn struktueren en kommisjes. It is ivich en altyd it om de hjitte brij hinne draaien. Is hjir net fan tapassing: “ze dronken een glas, deden een plas en alles bleef zoals het was”?

Dingtiid hat de wiisheid fan in Kennisberie opdien ûnder in reiske nei Galisië, dêr’t se in Galisyske Kultuerried ha. “De boarger hat der in protte profyt fan yn it deistich libben en sjocht syn taal rûnom werom yn it iepenbiere libben. Dy Kultuerried is by steat om polityk en mienskip te fuorjen mei kennis oer de taal en om himsels te organisearjen en te regenerearjen.” Mar sit dêr yn ús Fryslân de oest? Ha wy sa’n brek oan kennis oangeande it Frysk en de posysje fan it Frysk? Dy fraach stelde de Ried fan de Fryske Beweging ek yn syn reaksje. Wy ha de kast al fol stean mei stúdzjes en advizen fan it eardere Berie foar it Frysk. Oan dat soarte kennis gjin gebrek. As soe kennis de oplossing wêze, wylst we al lang witte dat taalgebrûk yn it foarste plak in kwestje fan emoasje is. As der al kennis nedich is, dan leit dy net yn it foarste plak op it mêd fan it Frysk om dy taal in pûst te jaan, mar op it mêd fan gedrachsferoaring. Dêr hie ik graach advizen fan Dingtiid oer hân. Dêr ha wy dit koördinaasjepunt net foar nedich as in ekstra tiidfergriemende fjochtklup dy’t eins neat te fertellen hat. “Troch it foarsitterskip periodyk rûlearje te litten ûnder de kennisbestjoerders, wurde transparânsje en neutraliteit befoardere”, mient Dingtiid. Mei dat soarte fan gjalpen steane de rapporten fol. Wêr is it bewiis dat it sa wurket? Hjir sprekt mear in leauwen út as in wis witten.

As wy wolle dat it Frysk net allinne lykberjochtige is, mar op alle mêden yn Fryslân brûkt wurdt, dan sil der gâns mear barre moatte as de kûveuzeberntsjes – fan de Fryske Akademy oant en mei de frisistyk – fan it ynfús te heljen. Op ’e syk nei nije dynamyk is de titel fan it advys, ‘alder-bêst-goed’, mar hjir mis ik no krekt de dynamyk.

Jabik van der Bij

desimber 22, 2020 12:29
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Abe desimber 22, 13:00

    Hielendal iens mei Jabik. Mar dan ek nei je sels sjen. De Ried is no in stichting, in frijwilligersorganisaasje. Meitsje fan de Ried in feriening, dêr’t je lid fan wurde kinne. Betink in oare, koarte, oansprekkende namme. Sa’t lânskip en natuer net sûnder It Fryske Gea kinne, sa kin de Fryske taal net sûnder inselde grutte klup dy’t minsken en jild mobilisearje kin en dy’t syn politike winsken krêft bysette kin mei in oanwiisbere achterban ûnder it ‘folk’. Ensafierderhinne.

  2. Jabik desimber 22, 16:02

    Foarôf: sûnt 2012 sit ik net mear yn it bestjoer fan de RfdFB. Yn myn tiid ha wy besocht om mear minsken by de beweging te belûken. De âlde struktuer foldie doe ek al net mear. De helte fan de Ried bestiet út oansletten organisaasjes en de oare helte út stipers. Op himsels seach it der op papier hiel demokratysk út mar yn de praktyk wurke it net. Myn opfolger hat besocht om der mear organisaasjes by te lûken. Dat is fêstrûn. Ik bin it der folslein mei iens dat de achterbân te smel is en dêrtroch is der te min reuring. As in ferieningsfoarm better wurket dan sil it sittende bestjoer dêr wis waarm foar rinne. Wy ha ús faak ôffrege werom slagget it de RfdFB net om in grutte mannichte aktive minsken te samljen lykas dat by bg. natuerorganisaasjes wol slagget. Wat docht de Ried ferkeard en hoe soe it dan wol moatte?

  3. Frans desimber 23, 12:59

    Mannen sa as Abe en Jabik litte mei harren ‘reaksje’ petearke sjen dat it om ferskil  fan (persoanlik- en ynstellingen) ynsjoch is oangeande it fuortsterkjen fan it Frysk. Sa komt it net fierder. Ik bin fan betinken dat der in oantreklike lêsmetoaden (foar leech oant heger ûnderwiis) makke wurde moatte wer bern, learlingen op skoallen mei nocht en wille mei oan de gong wolle. Goeie metoaden jouwe learkrêften hânfetten; in elk hoecht net har/syn eigen tsjil út te finen. (Tink bygelyks oan autorydskoallen. Deselde rigels brûke is handich en it makket net út yn hokker auto jo it autoriden leare). Noch mear djipsinnige wittenskiplike ûndersiken binne net mear nedich, want de biblioteken steane fol mei ûndersyksresultaten. Frysk is gjin wurkgelegenheid. Wol  moat der folle mear jild nei de hegeskoallen dy’t by steat binne om leararen op te lieden mei dêrby / dêrnjonken it foech Frysk. Dit foech moat in hegere beleanning opleverje. Tagelyk moat Omrop Fryslân in ‘Taalprojekt’ yn har programma opnimmen foar bern en âlden om bygelyks yn kompetysje (puzels oplosse, ferhalen skriuwe, vlogs, postcads meitsje, kennis kwissen oer Fryslân, ensafierder). De taalhâlding tsjinoer it Frysk sil boartsjendewei tanimme. Aldere mannen in bytsje oan de kant en oer 15-20 jier is alles oplost. Of praat en tink en skriuw ik te maklik?

  4. Abe desimber 23, 15:52

    Jabik: ik tink net dat de Ried safolle ferkeard docht, it is de selsbeheining dy’t de Ried him, as stichting opleit dy’t yn it paad stiet. Eins is de Ried al it oerlisorgaan dat Dingtiid no ynienen der wer by ha wol. Oerlis tusken ynstitúsjes, oare stichtingen en de oerheid. Mar wat noadich is, is net sasear oerlis as wol it sammeljen en aktivearjen fan in achterban ûnder de minsken. De sympaty foar it Frysk dy’t der yn de Fryske maatskippij bestiet wurdt net organisearre, oars as yn in politike partij. Dy hat it neidiel dat in boel minsken leaver lid binne fan in politike partij dy’t lanlik wat út ‘e wei sette kin. Dêrom is der, yn myn eagen, grut ferlet fan in oare organisaasjefoarm foar de doelen fan de Ried. Dy foarm is de foarm dy’t yn Fryslân mear hiem is as yn watfoar oare provinsje ek: de feriening. In feriening freget fan de minsken om lid te wurden, om sels aktyf wat te dwaan, en in feriening jout minsken ek de kâns om sels wat te dwaan. Sa’n feriening kin ôfdielingen oeral yn de provinsje krije. Dy kin sawol lokaal maatwurk leverje as rjochting it provinsjebestjoer in ‘machtige’ petearpartner wêze.
    Frans: hoesa soe it ‘sa net fierder komme’? Ik hear fan Jabik net dat er tsjin it omfoarmjen fan de Ried ta in feriening is. De saken dy’tsto neamst binne bekend, dêr wurdt oan wurke (seit men), of oars is it in kwestje fan te min politike wil. Krekt in grutte feriening mei sis 10.000 leden kin soargje foar dy politike wil op it stik fan Frysk taalbelied. Mei ‘âldere mannen’ hat it neat te krijen. Wol mei fisy, in stap sette doarre, in takomst foar eagen hâlde wolle.

  5. Henk desimber 23, 16:14

    Ik bin sa stadichoan wat huverich foar mear oerlis. Myn ûnderfining is spitigernôch dat dat komselden liedt ta aksje op koarte termyn. Dat wol net sizze dat mear gearwurking tusken de ynstituten ferkeard is, perfoarst net, mar om my kin der om ynstituten better gearwurkje te litten better ien persoan, byneed twa, wêze, dy’t by al dy ynstituten thús is en heel gericht minsken byinoar bringt wêr’t dat nuttich is.

    Folle wichtiger as basis foar in emansipaasjebelied foar it Frysk liket it my om de al lang besteande kennis oer it fitalisearjen fan talen te brûken. Dat is kennis dy’t ûnder mear mei provinsjaal jild opdien is, mar dêr’t noait polityk gebrûk fan makke wurdt. Op basis fan sokke kennis kinne saakkundigen in plan opstelle dat wier bydraacht oan de emansipaasje fan it Frysk.

    Dêr moatte dan eins net wer politisy oer gear foardat it plan der leit, en ek gjin ynstituten. Myn ûnderfining is nammentlik dat de earsten faak dan wer weromfalle op diskusjes fan fjirtich jier lyn of har sprektiid yn de Steaten brûke om te fertellen hoe wichtich oft de memmetaal foar har wol net is, wylst de twadden der fansels mei foar har eigen winkeltsje sitte.

    Ik tink: ast no ien fan Mercator Education mei in pear taalbeliedsamtners út Wales, Kataloanië, Israël en Montreal byinoar setst, oanfolle mei de grutste taalsosjologen út binnen- en bûtenlân dy’t ûndersyk dien ha nei taalfitaliteit, dan kinst samar in plan ha dat tasien is op ‘e Fryske situaasje.

    De ynstituten en de Fryske polityk hoege net sels te betinken hoe’t it Frysk in maatskiplike posysje berikke kin dy’t fierhinne ferlykber is mei dy fan it Nederlânsk, sterker noch: faak kinne se dat net iensen betinke. Soks is in ambacht en dat ambacht behearskje mar in pear minsken op ‘e wrâld.

    Yn sa’n plan sil yn alle gefallen net yn stean dat jo oant 2030 wachtsje moatte foardat it ûnderwiis de lessen Frysk op ‘e rigele hat. It sil it hele idee ûnderút helje dat it Nederlânsk de earste taal fan it ûnderwiis is. Dêr sille grif wol efkes by slokke moatte en it freget al wat politike moed om soks dan troch te setten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.