Iepen brief oan Fryske ôfdieling Foarum foar Demokrasy

desimber 7, 2020 09:40

Nei oanlieding fan it nijsberjocht https://www.omropfryslan.nl/nijs/1014700-fryske-forum-fraksje-bepaalt-tiisdei-oft-se-binnen-de-partij-bliuwe hat it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip op sinteklaasjûn ûndersteande iepen brief nei de Fryske ôfdieling fan Foarum foar Demokrasy stjoerd.

Achte Fryske leden fan Foarum foar Demokrasy,

Wy betreure it altyd wannear’t in politike partij fan binnenút troch in pear minsken ûnderút helle wurdt. Dat gefoel hawwe wy dus net allinnich mei Foarum, it is in algemien gefoel.

Wol hawwe wy by jimme partij it gefoel hân dat jim it Nederlânske belang heger hienen as it Fryske belang. Dêrby is it Fryske belang wat ús oanbelanget in belang fan alle Fryske lannen (fan Alkmaar oant Esbjerg) en net fan ien provinsje. Lykwols wolle wy dizze provinsje Fryslân sterker meitsje en in eigen koers yn Europa farre litte. It Foarum fan Demokrasy tsjinne oant no ta, út Frysk perspektyf, ‘bûtenlânske belangen’ dêr’t Fryslân net fuort better fan waard. Oft jo no in nasjonale, konservative, sosjalistyske of griene koers farre wolle, dat fine wy hielendal prima. As jim it Nederlânske belang boppe it Fryske belang stelle, mei hokfoar politike oriïntaasje dan ek, dan is dat yn ús eagen skite op it eigen nêst.

Wat jim ek kieze en hoe’t jim ek fierder sille, it is oan jim om no in ferstannige kar te meitsjen. Wy kinne skouder oan skouder foar Fryslân gean. Wy binne in ynklusyf iepen platfoarm sûnder politike kleur en foar elkenien, mar Fryslân is ús mienskiplike prioriteit. Wy hoopje dat jimme ek de foardielen fan ús Fryske striid sjogge en mei ús oan it Fryske belang yn de Fryslannen, Europa, de wrâld (en ek Nederlân) wurkje wolle.

Mei freonlike groetnis,

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip

desimber 7, 2020 09:40
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 desimber 7, 09:50

    Moai sa. Sy hawwe fakernôch anty-Frysk west. Sy woenen Omrop Fryslân meartalich meitsje, Nederlânske flaggen yn de Steateseal en by lytse eveneminten de subsydzje ‘herzien’. Allegear linkse hobbys fansels. Ek lytse identiteitsstiftsjende taaleveneminten. Hawar, de Jongfryske Mienskip hat dizze minsken moai oansprutsen op harren gewisse en de kâns jûn, mar foar it Foarum is it doek no wol fallen.

  2. Sybren desimber 7, 22:17

    Sjoch myn kolumn, se kinne neat

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.