Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Ynternasjonalisearring
Resint ferskynd
Yn it Dútsk, Platdútsk en Nederlânsk oer it Sealterfrysk prate, dêr bestie in grut part fan myn earste wurkdei as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft út. It is wurk yn de regio, ommers: Oldenburg en it Sealterlân binne mar in oerke riden fan myn hûs yn Grinslân, mar it is ek ynternasjonalisearring. It is sels ynternasjonalisearring fan it ferrykjende type: meartalich, mei in grut respekt foar it karakter fan de regio, mar mei ynbring fan minsken fan beide kanten fan ’e grins, dy’t beide har eigen ûnderfiningen en kultuer meinimme.
Hoe oars giet it op in protte oare plakken, dêr’t ynternasjonalisearring dat respekt foar de regio perfoarst net hat, dêr’t it opfette wurdt as in opdracht om de eigen talen safolle mooglik te ferstopjen, om gjin Frysk of Nederlânsk mear te brûken, mar Ingelsk, sels mei minsken dy’t noait yn in Ingelsktalich gebiet wenne ha. Dy kinne moannen of sels jierren yn in Nederlânske stêd wenje en noch altyd amper Nederlânsk of de streektaal prate of sels mar ferstean. Dat is yn alle gefallen yn kulturele sin gjin ferriking, sterker noch: soks bedriget de eigen taal en makket dat de minsken har twongen fiele om har te ferbrekken.
Ien fan myn neiste kollega’s, in aardige jongkearel, wie neffens Dútske wizânsje ynearsten Herr …, mar doe’t er fertelde dat it Platdútsk de taal fan syn hert wie en ik sei dat er him om my net hoegde te ferbrekken, stelde er foar om op te hâlden mei achternammen en ‘Sie’. Doe wie hy Stefan en ik Henk, en praten wy Platdútsk mei-inoar, in taal dêr’t er fol entûsjasme yn fertelle koe oer de prachtige taalprojekten dy’t yn Noard-Dútslân organisearre wurde.
De kommende jierren sil ik my, neist myn wurk foar de universiteit yn Grins, útlizze op it bestudearjen en stypjen fan it Sealterfrysk, de foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn it Sealterlân, in plattelânsgemeente yn it grutte feangebiet tusken Leer en Cloppenburg, net fier oer de Nederlânsk-Dútske grins hinne. Heel bêst wiist it net foar de taal dêre, it tal sprekkers is net krekt bekend, mar mei twatûzen hâldt it nei alle gedachten wol op. Doch binne der noch jonge minsken mei entûsjasme foar de taal. Dat dy net allinne nijsgjirrich is foar de ynwenners fan de streek, mar dat er sels oer de lânsgrinzen hinne belangstelling hat, makket dat er noch wat nijsgjirriger wurdt. Wa wit, krije dy jonge sprekkers dêrtroch krekt in triuwke yn de goede rjochting as se sels bern krije en kieze moatte hokker taal oft se mei har neiteam prate sille.
East-Fryslân is gewoan ‘the sleeping beauty’ 🙂
Moai datsto der op It Nijs ek omtinken oan joust.
Erwin, it is net tûk om hjir Ingelsk te brûken. De moaie slieper.