Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Nederlânske ljochtferslaving
Resint ferskynd

Henk Wolf
Kollum
Us hûs yn Grinslân en myn kantoarke yn it Sealterske Roomelse lizze mar in oerke riden faninoar ôf. Beide plakken lizze yn in feankoloanje en de lânskippen lykje dan ek in soad opinoar. Oerdeis is eins net te sjen oft men no by ús thús foar de doar stiet of op in lange, smelle trochgeande dyk yn it Sealterlân.
Mar jûns is dat heel oars, yn alle gefallen hjerstmis en winterdeis. Dan wurdt der in grut ferskil sichtber tusken Nederlân en Dútslân. Oan ‘e Dútske kant fan ‘e grins soe ik it my op in lette hjerstjûn lykas om distiid hinne net yn ‘e holle helje om ek mar tsien kilometer te hurd te riden. Sels op ‘e sneldyk doch ik it kalmoan. Bûten de doarpen is it der nammentlik hast oeral tsjuster, sa tsjuster dat men net sjocht wat der foar jin op ‘e dyk leit. Mei min ôfstelde koplampen hat men dêr in probleem. Hoe oars is dat lykwols oan ‘e Nederlânske kant fan ‘e grins. Sa slim as by it Hearrenfean en Drachten is it yn East-Grinslân aldergeloks noch net, mar it is der doch dúdlik in stik ljochter as by de easterbuorlju. Oeral is wol strjitferljochting of opkringerige ljochtreklame te sjen.
Nederlanners lykje wol ferslave te wêzen oan ljocht, de Nederlânske Friezen net útsûndere. Der leit my noch in diskusje by, grif al mear as tsien jier lyn, yn in gemeente yn Fryslân dêr’t de gemeenterie deroer prate oft se bûten de beboude kom de strjitferljochting net ferwiderje soenen: goed foar it miljeu, in treflike ferkearsremmer en ek noch in stik goedkeaper! Mar it plan waard net rûnom mei entûsjasme ûnthelle. Ik wit noch dat in frou hast gûlend ynspruts op ‘e riedsgearkomste, dêr’t se sawat raasde dat se dan yn har hûs opsletten waard. Fierste gefaarlik om yn it pikketsjuster de dyk út! Oft de gemeenterie har wol oan it geboefte oerleverje woe?
Ik mei oer tsjustere nachten en ik kin min oer drama. Tsjuster ha wy fierste min. As de Friezen en Grinslanners yn Nederlân ris wat mear kontakt ûnderhâlde soenen mei de East- en Sealterfriezen, dan soenen se noch wat fan dy har lânskipsbelied leare kinne – en miskien ôfkicke kinne fan dy ûngesûne ljochtferslaving
Komt noch by: de oprukkende ljochtjeskultuer yn de kultuer. Ljochtshows, ljochtprojeksjes, ljochtstrielen op Provinsjehuzen, der komt gjin ein oan sa liket it wol. Hoe siet it ek alwer mei dat Dark Sky Park?
En dy reade lampen op ‘e wynmûnen. Oerdeis steure dy mûnen my net sa bot, mar dat wâld oan ljocht jûns is my in griis.