Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: In Sealterfrysk wurd foar ‘mûlekapke’
Resint ferskynd
Kollum
Oer it generaal bin ik net sa’n leafhawwer fan oproppen om in nij wurd te betinken foar it ien of oare begryp. Net dat it net aardich is om de kreativiteit fan minsken te stimulearjen, dat net, mar almeast liede sokke wurdsjebakwedstriden net echt ta taalferoaring. Dat komt fansels trochdat der faak al in begryp bestiet, al is dat dan meastentiids in lienwurd.
Sokke wedstriden geane der ek oan foarby dat taal makke wurdt yn sosjaal kontakt: wy brûke wurden dy’t minsken om ús hinne brûke. Ik haw it wurd ‘gearkomste’ oernaam doe’t ik yn in fermidden kaam te wurkjen dêr’t oare minsken dat ek seinen. In ploechje Friezen neamt it momint dat in opdracht folslein útfierd wêze moat de ‘falbile’, omdat se by in studinteferiening sitten ha dêr’t dat wurd yn gebrûk wie.
Doch wurkje ik op it stuit mei oan in wedstryd om in Sealterfrysk wurd foar ‘mûlekapke’ te betinken. Wat is it ferskil mei dy wedstriden om yn oare talen nije wurden te betinken? Mooglik binne dy der net en draait it om de oerienkomst: minsken begjinne kreatyf nei te tinken oer (en yn) in taal en dat is al in foarm fan taalpromoasje. Fierders is der by it Sealterfrysk, oars as by it Dútsk, Nederlânsk en Westerlauwersk Frysk, amper mear ien taalmienskip: it is foar in grut part in taal fan húshâldingen, de gewoane manier om fia groepen minsken taal troch te jaan en te fernijen, is der mar beheind mear. Dan kin it bekendmeitsjen fan in wurd fia in wedstryd in alternative manier wêze, dy’t mooglik mar beheind funksjonearret, mar dat is altyd better as helendal net.
Wat soartgelikens sjocht men by de bewuste Grinslânskpraters, dy’t ‘spaigelploatje’ ynstee fan ‘cd’ sizze en by de Platdútskpraters dy’t in mûlekapke ‘Schnutenpulli’ (snutetrui) neame. Fansels binne dat gjin o sokke serieuze wurden, mar se meitsje dy taalmienskipkes wol grutter as de eigen húshâlding, ommers: it binne nije wurden dy’t ris net fan heit, mem, pake of beppe komme, mar út de krante dy’t hast de folsleine gemeente lêst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje