Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: drege wurden
Resint ferskynd

Henk Wolf
Kollum
haloozje
slijf
lûke
hauk
kôfje
wônt
sêrkhôf
De sprekkers fan it Sealterfrysk dy’t ik moete ha, binne allegear geweldich helpfeardich. As se tinke dat ik in wurd net begryp, dan lizze se efkes út wat it betsjut of se jouwe der in Dútske oersetting fan. De wurden yn it rychje hjirboppe (foar it gemak efkes skreaun yn de Steatestavering) binne fan dy wurden dy’t minsken yn it petear spontaan foar my oerset ha.
Opfallend is tink foar de lêzers fan It Nijs dat net ien fan dy wurden foar my ûnbegryplik wie. Wêrom? Se wike fansels net of amper ôf fan de wurden dy’t wy yn it Westerlauwerske Frysk foar deselde dingen brûke: horloazje, sleef, lûke, hauk, kofje, want (mof) en tsjerkhôf.
Yn it Sealterlân wurdt ek in protte Nederdútsk praat. Fansels wol ik ek graach dat minsken dy’t dat prate kinne, dat ek tsjin my dogge. En dêr sjoch ik selde helpfeardigens. Koartlyn brûkte ien it wurd muur (foar it lêsgemak skreaun neffens de Nederlânske Taaluniestavering) en ferdútste er my dat dat ‘Mauer’ betsjutte. Foar ien dy’t Nederlânsk kin, hat dat fansels eigenskip.
Minsken yn it Sealterlân binne it wend dat oaren dy’t har taal leare wolle, it Dútsk as memmetaal ha of dat yn alle gefallen heel goed prate. Minsken dy’t Frysk en Nederlânsk prate, binne der lang net ûnbekend: benammen de bewuste Fryskpraters komme geregeld minsken út it Nederlânske Fryslân tsjin dy’t har taal of talen leare wolle – en der wenje ferskate Nederlanners yn it Sealterlân dy’t ek Nederdútsk prate, mar yn de hollen fan de Sealterfriezen is fansels dat wat sterk fan it Dútsk ôfwykt it bysûndere oan har taal – en dat wat om útlis freget.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje