Hela…, moatst mar wer komme!

desimber 26, 2020 07:00

Troch Joute de Graaf

‘Hoe witsto dat allegearre?’, frege ik Hindrik.
‘Ik wie derby as jonge fan tolve jier. De PC fan fiifenfjirtich ferjit ik noait wer.’ Hindrik wie hast net te stopjen. Hy fertelde yn ‘geuren en kleuren’ oer hoe’t de PC-finale ferrûn wie. En benammen it lêste earst, doe’t de stân fiif earsten gelyk wurden wie.

Hotse Schuil hie it goed ûntholden wat Rodenhuis foar stunt úthelle hie op de PC yn 1942 mei dy oranjeshirts. It hie Jan syn partoer de oerwinning brocht. Miskien wie it jeugdige oermoedigens, mar it publyk fielde it as in fersetsdied. Doe’t se yn de twadde omloop mei de oranjeshirts it fjild opstapten, waard it deastil op it Sjûkelân. Se krigen it hiele Sjûkelân mei. It publyk identifisearre him mei it partoer. It folk fielde him salang al bestellen fan frijheid. ‘Oranje wint!’, waard der raasd by sawat elke slach. De Orts-kommandant op de tinte griep net yn!

Hotse, dy’t foar it earst meidie yn ’45, koe dit ferhaal. Sels wie er as twangarbeider oan ’e dea ûntsnapt yn Hamburg by de bombardeminten.
Rodenhuis hie it doe liep oanpakt. Hotse wie ek liep. Dát effekt woe Hotse ek brûke op dizze ‘befrijings-PC’ foar de oare partoeren oer. Hotse koe net allinnich goed slaan, hy koe it spul ek ‘lêze’.

Hindrik fertelde mar raak. Hy wist in soad. It kaam by my oer as waard it ferteld troch de eagen fan de keatsbal dy’t doe brûkt wie. Dy’t my meinaam op syn reis yn it lêste earst fan dy finale fan ’45.

Ik sleat de eagen heal en wie der doe ek by… Ik seach de mannen draven, ik hearde se tsjininoar praten. Ik hearde it publyk somtiden as it lûd yn in bijekoer!

PC-winners 1945. Fan lofts nei rjochts: Pieter de Haan, Klaas Posthumus, Hiele de Haan

Jim tinke, as jim in eintsje fierder yn dit ferhaal sitte: dy man hat in slach mei de moalpûde hân. Jim ha gelyk. Ik wie der sels net by. En dan sa’n draai jaan, oan wat der barde op dy keats-PC, flak néí de Twadde Wrâldoarloch? Dat heart yn de kategory ‘Catweazel-fantasije’.

Heldeferhalen binne echt. Dit eins ek. Alle skeakels fan ús Fryske folkslibben, fan doe, nei no én de takomst sitte, deryn. De ferbinende linen ek. It lûkt syn spoaren ek nei 2020. Dy ferhipte koroanakrisis behinderet dy en my de ‘5e woansdei fan july’ de PC no mei te meitsjen. Mar it: ‘Hela…, moatst mar wer komme’, sil wer op it Sjûkelân klinke!

It is in ferhaal mei mear wierheid as fiksje. En… nei 75 jier kin it ús noch in soad leare. It symbolisearret ús Fryske DNA.
Mar, je moatte deryn leauwe… en it ferhaal mei it hert en gefoel lêze. Wa’t net folle mei it keatsspul hat sil it net allegearre sa goed pleatse kinne wat my meinaam yn wat ik belibbe… Foar dý lêzers is it genôch wat se yn ’e krante lêze kinne, dat it lêste earst spannend wie, mei keatsen lizze, foarby slaan, as krekt net en krekt wol bûten. Fan 6-4 de lêste slach…
Mar je wolle witte wat der sein waard, field waard.

‘No moat it wêze, jonge.’ Pieter tikke Hiele op ’e earm, flybke en gie it perk yn. Broer Hiele rûn nei efteren yn it perk tsjin de kwea oan ,Pieter moat net mear nei foaren, it gat moat lytser oars goait dy lange de bal tusken ús yn> Om dy reden gie hysels fiif meter foar de kwea stean. ‘Hela’, raasde Pieter doe’t er de bal oan de lofterside de hoeke fan it fjild ynsloech.,sa dy is fan ’e bal> Der bleau in moaie keats by de opslach fan oer. Sjouke moast opslaan. Hy sette syn pet wat fêster op ’e holle en hifke de bal in pear kear. ,ik moat dy wytkop út Holwert mar ris in hege bal jaan> Doe’t Sjouke in hege bal by Hiele efteryn brocht, sloech Hiele dy heech út ta by de boppeline. It folk om ’e touwen balte al, om’t se tochten dat dy bal boppe gean soe. ‘Aebe, do’, raasde Hotse. Aebe kaam op ’e boppeline omheech en tikke him handich werom ta foar de middelline. Twa keatsen leinen der no foar de ‘Haantsjes’. By it wikseljen rûn Hotse mei syn mannen nei perk. ,ik kin sels eins better foaryn, Klaas syn ballen rinne Aebe leau ik te hurd>‘Denk derom, Aebe seun, krijst fast in platten één.’ Aebe knikte, mar sei neat.<ús freon tinkt seker dat ik ûnnoazel bin>

‘Moatst minder perk nimme’, biet Sjouke Aebe ta. ,hy jout in skroeier> Hy hie it fingerke derby omheech. ‘Aebe, tink om in platten ien.’ Sjouke gie sels net al te fier efteryn it perk. Je hearden it grûzemoezjen op ’e banken en tribune. Hiele wie noait net sa’n prater, mar hy hie sjoen wêr’t de mannen stean gienen. ,ik weagje in hegen ien efteryn tsjin de kwea oan> Sjouke ,ik stean net goed> wie der wat ûnderop en koe net oars as dy bal heech útslaan. Net fier genôch om Pieter op ’e boppe yn problemen te bringen. Dy reage de bal nei lofts oer de grûn. ,dêr komt gjin harsens wer oan> ‘Dy is foar ús bakkerke’, rôp er tsjin Sjouke. De twa punten wienen foar harren. ‘De twede is foar oans mannen’, rôp Hotse. Klaas moast no de bal ynbringe. Pieter stie ôf te wachtsjen op ’e boppe. Hotse <ik moat Hiele ôfliede> gie ticht by Hiele stean, dy’t foar de keats stie, en begûn tsjin him te lullen. Hiele sei neat werom. , ik ha dy wol yn ’e gaten lange> Hy hie wol sjoen dat Hotse sa no en dan oan syn eigen oranjeshirtsje by it boarst luts, en dat dan opsichtich toande oan it publyk. ,ik moat it folk bespylje. Wy ha oranjeshirts oan. Jim witte it noch wol fan twaenfjirtich>
It publyk snapte it wol wat Hotse sûnder wurden frege.

De twadde keats waard yndie troch Aebe foarby slein. Twa gelyk. ‘Hâld op Aebe oan, dêr leit dochs de winst’, flústere Pieter Klaas yn it ear doe’t dy him opmakke foar de folgjende bal.

‘Nou in paar lange kaatsen legge, mannen. We sitte in it laatste earst.

,Aebe is ús swakke skeakel> Nim in stapke mear perk, Aebe’, sei Hotse en stapte dêrnei rap op Klaas ta by de opslach yn syn lange swarte broek. Pieter <no probearret hy it wer by Klaas, wat in smearlap> seach it en kaam fan ‘e boppen. Se hienen it der mei syn trijen oer hân. Net prate tsjin Hotse. Dy jongkeardel woe je bespylje. ‘Opsoademiterje do’, biet Pieter Hotse ta. Hotse taaide ôf. Klaas jage in platte bal fûl nei it perk., sa, dy moatte mar wer> It woe hjoed geweldich. ‘Hela’, raasde Pieter, doe’t de skroeier fan Klaas oer de foarline plofte en de mannen yn it perk der neat mei koenen. Fjouwer-twa.

‘No moatst mar wer’, raasde Sjouke <ferrek, dy moat fan ’e bal>. Hotse rikte Klaas de bal oan. <hy mot fan ’e bal> ‘Nou most weer, seun’, sei er flaaierich.
Pieter stie al mei strekte earm te wizen nei Hotse, dy’t wer besocht Klaas út syn konsintraasje te bringen. ‘Moatst mear oan ’e kant gean en by Klaas wei’, biet Pieter Hotse ta. Hotse <hy hat my yn ’e gaten> hold him fan de domme en kearde him nei it publyk, mei de hannen omheech.
It folk fernuvere him. Dêr moasten wer nije keatsen komme. It waard in keats by de middelline.
Hiele syn fûle lege opslachbal levere in twadde keats op by de middelline.

Fjouwer-twa, draaie. It like derop dat de mannen oan de opslach no de bêste papieren hienen mei harren tûke opslach. Sjouke brocht de bal by Hiele efteryn. Dy sloech mei syn moaie polsslachje de bal nei de grûn rjochts it fjild yn. Aebe kearde foar de keats. Fjouwer gelyk. De spanning wie te snijen op it fjild. Noch twa punten te ferkeatsen! Hotse moast opslaan.

‘Moatst my dy bal jaan, <watsto kinst kin ik ek> of doarsto dat net’, raasde Pieter. ‘Bek hâlde’, graude Hiele, ‘en net te folle perk.’
Hotse <krijst em niet Pieter> hifke de bal. Hy doarde it net oan in platten-ien te jaan en joech in hege bal. Hiele rekke him goed genôch om de keats foarby te slaan. Sjouke koe net fluch genôch yn de hoeke by de boppe komme om dy bal werom te slaan. Seis-fjouwer foar Klaas en de ‘Haantjes’.
‘Jim binne der noch niet. Ik hé noch twee moaie baltsjes foar jim, wêr’t jim niks mee kanne.’
‘Kom mar mei dy oaljekoeken’, raasde Pieter. Klaas plôke in gerske fan it fjild en stuts it yn ’e mûle. <soe ik noch wer opslaan moatte?> Pieter makke in lyts keatske op in bal fan Hotse. Nochris draaie.
‘Do witst wêr’tst dy bal bringe moatst’, flústere Hiele Klaas ta. <ik weagje wer ien mei gong foaryn> Hiele skatte yn wêr’t er stean gean soe. <ik gean net foar de keats, dan ha ik gjin tiid te reagearjen> Hy keas wifeljend foar in posysje by de middelline lofts fan it fjild. Hy die de hannen op ’e knibbels. <hy hie der wol om flokt, dat ferplichte baltsje ferdriuwen en opslaan yn ’e stege thús hie him hjir no safier brocht. No noch winne>

Hotse stapte mei nei it perk <ik mot eins dizze slach foaryn>, mar Aebe stie al yn it perk. Hy besocht de opslach fan Klaas te fersteuren. Mei opsetsin sette er de foet ûnder it tou by de foarline. De krammen spatten derút. Hy beëage mei dizze liepe set de konsintraasje fan Klaas te fersteuren. ‘Ho even, dat tou leit niet goed’, raasde Hotse. Dat seach elkenien. Sjouke hie it wol troch, mar hold net fan sokke grappen. Pieter <dy smearlap> wûn him op, mar wat moasten je dêrfan sizze? In karmaster skeat derop ôf en brocht de saak wer yn oarder. Yn keatsen leine liepens, kriich, krêft en emoasje tsjininoar oan. It tekene de folksaard.

It publyk hold de siken yn doe’t Klaas opslaan soe. Klaas <alles as neat> jage de bal ferwoastend nei it perk. Heger as er woe, mar dy bal kaam Aebe lyk foar it lichem. Hy krige him al út, mar Hiele skeat mei in snoekdûk ta en kearde foar de keats. It wie út. In lûd jûchhei bruts los. It lûd fan befrijing… sa klonk it. Klaas, Pieter en Hiele hienen de PC 1945 wûn. Se hienen histoarje skreaun.

Wat Hindrik no krekt wol en net sein hie en oft it allegearre sa wol bard wie… ik wist it net? Ik hie mei healsletten eagen myn eigen tinzen folge. Hy koe it moai fertelle…, mar ik koe it noch wol moaier bemimerje hoe’t it west hie!

Ik kearde werom mei him nei feitlikheden en in beskôging fan doe nei no.
Dy feiten en it ferrin doogden, foar safier’t ik it neigean koe.
Yn de unike kombinaasje fan sport, tradysje, histoarje en kultuer joech it doe op it Sjûkelân iendracht en moeting. In folksfeest dat in soarte fan befrijing joech. Dêr kaam Master Bijlsma, lang de foarsitter fan de PC, altyd wer op werom yn syn taspraken dêr’t er ferline, hjoed en takomst yn ferbûn. Op 1 augustus 1945 tekene er de wearden fan eigenheid en frijheid ek. Fan it mei de keatsbal it hert reitsje te kinnen. By dy taspraak moast elkenien weromtinke oan 1942. Sels wie Bijlsma yn ’42 oppakt om’t er it ferpoft hie om in papier te tekenjen dat it foar Joaden ferbean wie de PC te besykjen. Hy knibbele doe net!

It keatsen hat him fierder ûntwikkele en oanpast… Oanpast oan de dynamyk fan de feroarjende tiden. Fiifensantich jier fierder… It Fryslân-eigene stiet ûnder druk. En no hat de koroana ít keatsen stillein. Mar it keatsen sil dochs bliuwe? Wy wolle ússels dochs net kwytreitsje? Kom skielk nei de PC.

‘Hela…, moatst mar wer komme!’

Dit ferhaal, ynkommen by it tydskrift DE NIJE, wurdt yn goed oerlis mei de skriuwer, op It Nijs publisearre.

 

 

desimber 26, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sjoerd Vriesema jannewaris 1, 14:30

    Ik wie yn 1945 sels noch net iens yn ‘e maak mar doe’t ik dit lies wie it krekt as wie ik dy deis tsjûge fan dat lêste earst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.