Heimsinnige metalen pylder opdûkt by Aldhoarne

desimber 7, 2020 08:40

Foto ta yllustraasje (boarne: morguefile.com)

Nei de fynst fan heimsinnige monoliten yn de Feriene Steaten en Roemenië is sneintemoarn opnij in metalen pylder fûn yn ’e natuer, diskear yn in natuergebiet by Aldhoarne. It is net dúdlik wa’t de pylder dêr delset hat. It is ek net bekend hoelang’t de pylder der al stiet.

Neffens Omrop Fryslân binne der gjin fuotstappen te sjen by de pylder. It objekt by Aldhoarne is net glânzjend lykas de earder oantroffen pylders. De Omrop skriuwt dat it faaks om in âldjiersstunt giet.

Earder waarden de mysterieuze objekten ûntdutsen yn Roemenië en De Amerikaanske steaten Utah en Kalifornië. De metalen pylder yn Kalifornië, dy’t woansdei ûntdutsen waard, wie in dei letter wer ferdwûn. De pylder yn Roemenië, dy’t ein novimber ûntdutsen waard, wie tiisdei ferdwûn. It objekt yn Utah bliek ôfrûne wykein yneinen weihelle.

Der wurdt spekulearre oer it doel fan de minsken dy’t de pylders pleatse soene. Neffens guon soe it in ferwizing wêze nei 2001: A Space Odyssey, in film fan Stanley Kubrick út 1968. Dêryn litte bûtenierdske wêzens swarte monoliten efter.

Besjoch in filmke fan de NOS oer de monolyt yn Amearika.

Bywurke moandei 14.30 oere: De mysterieuze monolyt, dy’t snein fûn waard by Aldhoarne, is wer fuort. Net ien hat sjoen wannear’t en hoe’t de monolyt dêr delset wie. En ek fan it fuortheljen binne gjin spoaren fûn.

desimber 7, 2020 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.