Hegeskoalle NHL Stenden mei fan rjochter yn Grins bliuwe
Resint ferskynd

Boarne: Wikimedia Commons – Chris Potter – CC BY-SA 2.0
Hegeskoalle NHL Stenden hoecht net út syn gebou yn Grins wei. It abbekatekantoar dat yn itselde gebou sit, hie dat easke, omdat de juristen lêst hawwe fan de studinten. Yn heger berop makke it gerjochtshôf lykwols út dat NHL Stenden sitten bliuwe mei.
De haadfêstiging fan ’e hegeskoalle sit yn Ljouwert, mar der binne ek op oare plakken fêstigings. De Iemsgoaleane yn Grins is dêr ien fan. NHL Stenden hat syn stik fan it gebou koartlyn ferboud, sadat der mear studinten teplak kinne. Dat wie net nei it sin fan abbekatekantoar Yspeert. Omdat dat syn kantoar hierd hie op it betingst dat it in saaklike útstrieling hie, joech de rjochter de abbekaten ynearsten gelyk doe’t se fan ferhierder BVG easken dat de hegeskoalle opsokkebalje moast.
De hegere rjochter wie it dêr net mei iens. Dy wie fan betinken dat de abbekaten net oantoand hiene dat se skea fan ’e studinten ûnderfine.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje