Grutte Gedichtejûn digitaal op 5 febrewaris 2021

desimber 3, 2020 08:51

Ofbylding: Ensafh

It Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19.30 oere yn premjêre. De poëzyjûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Se hoege sels net iens dichter te wêzen, se meie ek rêstich in gedicht fan immen oars foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021. Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingsten binne wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moatte, dat der net in te lange ynlieding op it gedicht holden wurdt en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.

Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.

desimber 3, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.