Gjin plak
Resint ferskynd
Oertinking
Wylst se dêr wiene, wie it safier mei har. Se krige doe har earstlingssoan, bewuolle Him yn doeken en lei Him yn in krêbe, want der wie foar harren gjin plak yn ’e herberch (Lukas 2, 6-7)
Dit ferhaal fan Betlehem wurdt ornaris wat te hastich lêzen. Wy kenne it sa goed; wy wolle nei de skieppehoeders en harren skiep ta en harkje nei it liet fan de ingels. Sok hastich lêzen hat gâns tsjin. Men sjocht dan net hoe slim oft it west hat, hoe beskamsum oft dizze skiednis foar minsken noch is.
Hja komme it stedsje yn: de machtige man fan Rome hat it sa wollen. Hja moatte harren nammen ynskriuwe litte foar de ‘folkstelling’ yn it plak dêr’t de famylje weikomt. Joazef en Maria hawwe in swiere reis efter de rêch. Nammerste swierder om’t Maria swier is: hja rint op alle dagen. No soene se teplak wêze, mar der is foar harren gjin plak. De doarren sitte ticht en dêr’t se oanklopje krije se de doar foar it gesicht tichtslein. Betlehem kin gjin spul hawwe mei sa’n sjofel soadsje; en alhiel net mei in jong frommes yn Maria har omstannichheden.
Ear’t de lytse Jezus berne wie, hie er al swierrichheden ree foar syn âlden en foar it publyk. Dat wytget net bêst. Ear’t Jezus berne wie, hie de wrâld al sein: “Wy wolle gjin gedoente mei Him hawwe.” Dat wytget slimmer dingen. It minskdom stiet net te wachtsjen op frede, freugde, libben en leafde. It hat it fierstente drok mei eigen feestjes en mei eigen oarloggen. Gjin plak. Hoe sit dat as sok klopjen ús opskrillet?
ds. Pieter Miedema
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje