FUMO start proefprojekt mei dronetafersjoch

desimber 24, 2020 10:02

De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) hat koartlyn in drone yn gebrûk nommen. De Omjouwingstsjinst sil de drone in jier lang útteste by it tafersjoch op it neilibjen fan natuer- en miljeuwetjouwing yn Fryslân.

3D-opname fan it FUMO-gebou yn Grou (foto: FUMO)

De FUMO sil de drone ûnder mear ynsette foar it meitsjen fan detaillearre loftfoto’s, it observearjen fan natuergebieten en it opspoaren fan yllegale en aktiviteiten dêr’t gjin fergunning foar ôfjûn is. Mei de drone ferwachtet de FUMO de tafersjochhâldende taken effisjinter en effektiver útfiere te kinnen. Tafersjochhâlders kinne út de loft wei objekten en (grutte) terreinen flugger ynspektearje. De FUMO hoecht minder miljeuflechten mei in helikopter út te fieren en dêrtroch wurdt de miljeubelesting minder.

Sekuer
De drone kin út de loft wei in 3D-opname meitsje. Op basis fan dy 3D-opname kin op ’e kompjûter it folume fan objekten sekuer berekkene wurde. Sa kinne de tafersjochhâlders beoardielje oft by de opslach fan (miljeugefaarlike) stoffen oer de maksimaal tastiene hoemannichte hinne gien is.

De ôfrûne tiid is de drone fjouwer kear ynset. Ien kear by de ynspeksje fan opslach fan grûn, ien kear by it ynventarisearjen fan ôffal op in lânbouperseel en twa kear by ûntgrûningswurksumheden. By trije fan de ynspeksjes bliek dat de regels goed neilibbe binne. Ien kear waard in oertrêding konstatearre. Dy oertrêding wurdt fierder ûndersocht troch in tafersjochhâlder fan de FUMO.

Type drone
It type drone dat de FUMO by de pilot brûkt is de DJI Mavic 2 Pro; in lytse drone mei in gewicht fan minder as ien kilo. Hoewol’t in ROC-light-fergunning (fergunning foar beropsmjittich gebrûk fan minydrones) net fereaske is om beropsmjittich mei dizze drone te fleanen, wol de FUMO as oerheidsynstelling it goede foarbyld jaan. Fjouwer taferjochhâlders fan de FUMO binne ta dronepiloat oplaat. Hja witte net allinnnich krekt hoe’t se de drone bestjoere moatte, mar kenne ek de regels en foarskriften dy’t foar it gebrûk fan in drone jilde.

Gedrachsregels
Dêrneist hat de FUMO in tal oanfoljende gedrachsregels opsteld. Dêr is ûnder mear yn opnommen dat eigeners of hierders fan perselen yn prinsipe fan tefoaren ynljochte wurde oer it plende tafersjoch, dat der sprake wêze moat fan kontrôle mei in beskaat doel en dat net-relevante kamerabylden wiske wurde. Om de privacy fan belutsenen te beskermjen is in DPIA (data protection impact assessment) opsteld.

Pilot
De FUMO sil nei ien jier it proefprojekt mei de drone evaluearje. As de resultaten posityf binne, wurdt it dronetafersjoch ferlinge en faaks útwreide.

desimber 24, 2020 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.