Fryslân stiet pal efter Minority SafePack Initiative

desimber 17, 2020 10:50

Ynstjoerd

Woansdei 16 desimber waard der yn de Fryske Steaten stimd oer in moasje om stipe te jaan oan in inisjatyf dat in lange histoarje hat. It is wichtich foar de posysje fan talen as it Frysk en ek foar de demokrasy en de belutsenheid fan boargers yn de Europeeske Uny.

Yn 2002 waard – nei druk fan boargers – it Europeesk boargerinisjatyf yn de Europeeske Grûnwet opnaam. Dy grûnwet sneuvele nei referinda yn Nederlân en Frankryk. Mar yn 2009 kaam it boargerinisjatyf dochs yn it nije EU-ferdrach fan Lissabon. Ien miljoen boargers kinne dêrmei in foarstel dwaan dat dan serieus oerwage wurde moat troch EU. De earste boargerinisjativen waarden yn 2012 yntsjinne.

Op dat momint wienen de 100 taalminderheden, dy’t binnen de organisaasje FUEN feriene binne, al efkes oan it wurk. Sy sochten en fûnen meistanners foar in inisjatyf om de EU op te roppen om yn syn wetjouwing en belied rekken te hâlden mei nasjonale minderheden en it rike Europeeske taalferskaat.

Boargerinisjatyf yntsjinne yn de simmer fan 2013
Yn de simmer fan 2013 tsjinne in boargerkomitee it inisjatyf neffens de regels yn by de Europeeske Kommisje. Dat boargerkomitee bestie út sân promininte regionale fertsjintwurdigers fan Europese taalmienskippen. Dêrûnder ús Fryske deputearre Jannewietske de Vries, dy’t yn dy perioade foarsitter wie fan it Europeeske talenetwurk NPLD, dêr’t bygelyks ek Wales en Kataloanië yn sitte.

Mar de Europeeske Kommisje wegere it inisjatyf te registrearen. De foarstellen fan it inisjatyf soenen net binnen it foech fan de EU lizze, sei de Kommisje. In lange rjochtsaak folge, en begjin 2017 krige it Minority SafePack Initiative nei mear as trije jier gelyk fan de Europeeske rjochter. De nije Europeeske Kommisje joech grien ljocht, en de kampanje gie fan start.

Fryske Deputearren traapje kampanje ôf
Us kolleezje fan Deputearre Steaten die op de Europeeske taledei, 26 septimber 2017, de ôftraap foar de Fryske kampanje. Yn de simmer fan 2018 die bliken dat der mear as 1,1 miljoen hantekens sammele wienen. Dêrmei is it Minority SafePack Initiative it fiifde boargerinisjatyf dat oan de easken foldien hat (fan de sirka 70 dy’t it besocht hawwe).

Mar it echte súkses sil blike út wat de Europeeske Uny der yn de praktyk mei docht. Troch de koroana-krisis hat de proseduere fertraging oprûn, mar yntusken is der yn oktober in harksit en moandei in plenêr debat west yn it Europeesk Parlemint en moat de Europeeske Kommisje yn jannewaris oanjaan oft de foarstellen oernaam wurde.

De Kommisje hat altyd hiel hoeden west om aksje te ûndernimmen op it mêd fan nasjonale minderheden en taalferskaat, omdat it tema yn guon Europeeske lannen hiel gefoelich leit. Wy fine dat de EU lústerje moat nei syn ynwenners en binne bliid dat der rûnom yn Europa stipe is foar it Minority SafePack Initiative.

Dy stipe komt ek fan nasjonale en regionale regearingen en parleminten, dy’t yntusken ferklearringen en moasjes oer it Minority SafePack Initiative oannaam hawwe. Sa hat de Dútske Bundestag trije wiken ferlyn unanym foar in fergelykbere moasje stimd, en komme der moarn moasjes yn stimming yn de Twadde Keamer en yn it Europeesk Parlemint. Dy moasjes sille it nei alle gedachten rom helje.

Alve Fryske partijen tsjinje moasje yn
Wy binne der hiel wiis mei dat 11 fan de 12 partijen yn Fryslân de moasje frjemd yntsjinne hawwe. Dêrmei kin it Fryske parlemint hjoed in sterk ienriedich sinjaal ôfjaan, Steaten-breed: “Europeeske Uny, hâldt rekken mei it Frysk en oare lytsere talen yn Europa! Sjoch nei de foarstellen fan it Minority SafePack Initiative, dy’t goed binne foar ús regio’s en ús talen, en nim se oer!”

Wy freegje dêrby ek de Nederlânske regearing om him sterk te meitsjen binnen EU ferbân. “Wy roppe de Nederlânske regearing en de Europeeske Kommisje op om it Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack Initiative yn Europeesk ferbân te stypjen.

Sijbe Knol, FNP
Attje Meekma, CDA
Charda Kuipers, GrienLinks
Bea Bijlsma, D66
Hanneke Goede, SP
Durk Pool, VVD
Edou Hamstra, PvdA
Menno Brouwer, PvdD
Theun Wiersma, 50PLUS
Lieuwe van der Pol, ChristenUnie
Max Aardema, PVV

desimber 17, 2020 10:50
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga desimber 17, 18:13

    Aardich ferhaal fan de steateleden, mar no de praktyk op skoalle. Wannear gean de skoallen yn Fryslân it Frysk skriuwen leare oan de bern? It duorret no al salang dat de bern min en te min Frysk op skoalle krije. Wannear komme de plaknammen allinnich yn ‘t Frysk op de buorden te stean? Steateleden kom yn aksje, treuzelje net langer.

  2. Cor Jousma desimber 18, 09:46

    Iens mei Rozenga. En dan benammen oer de skoallen. Set de deputearre(n) ûnder druk. 2030 it liket wol op it klimaatakkoart, mar dêr moat de hiele wrâld oer gear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.