Alle fraksjes Fryske Steaten foar moasje minderheidstalen

desimber 17, 2020 09:13

Juster is yn de Fryske Steaten stimd oer in moasje om stipe te jaan oan in inisjatyf mei in lange histoarje. Yn dy moasje roppe de Fryske Steaten it Nederlânske regear en de Europeeske Kommisje op om it Europeesk boargerinisjatyf ‘Minority SafePack Initiative’ yn Europeesk ferbân te stypjen. In belangrike moasje foar de posysje fan minderheidtalen lykas it Frysk, en foar de demokrasy en de belutsenheid fan boargers yn de Europeeske Uny.
De troch alve fan de tolve Steatefraksjes yntsjinne moasje waard by de stimming troch alle fraksjes oannommen. De groep Steateleden dy’t him fan Forum voor Democratie ôfsplitst hat stimde ek foar. 

Sûnt yn 2009 troch it EU-ferdrach fan Lissabon romte jûn wurdt oan boargerinisjativen, moat de EU foarstellen dy’t troch minimaal ien miljoen boargers dien wurde, serieus yn oarwaging nimme. Yn 2013 wegere de Europeeske Kommisje noch om in inisjatyf fan in boargerkomitee besteande út sân promininte regionale fertsjintwurdigers fan Europeeske taalmienskippen te registrearjen, mar yn 2017 krige it Minority SafePack Initiative lykwols gelyk fan de Europeeske rjochter. De nije Europeeske Kommisje joech grien ljocht.

Op de Europeeske taledei – 26 septimber 2017 – joech yn Fryslân it kolleezje fan Deputearre Steaten de ôftraap foar de kampanje om hantekeningen te sammeljen. Yn de simmer fan 2018 die bliken dat yn Europeesk ferbân mear as 1,1 miljoen hantekeningen sammele wiene. Dêrmei wie it Minority SafePack Initiative it fiifde boargerinisjatyf, fan de sirka 70 dy’t it besocht hawwe, dat oan de easken foldie.

Arno Brok en Sietske Poepjes by it ûnderskriuwen fan it boargerinisjatyf yn 2017. Foto: EBLT

No giet it derom wat de Europeeske Uny der yn de praktyk mei docht. Troch de koroanakrisis hat de proseduere opûnthâld oprûn, mar ûnderwilens hat der yn it Europeesk Parlemint yn oktober in harksitting en moandei in plenêr debat west en moat de Europeeske Kommisje yn jannewaris oanjaan oft de foarstellen oernommen wurde.

De Europeeske Kommisje hat altyd hiel hoeden west om aksje te ûndernimmen op it mêd fan nasjonale minderheden en taalferskaat, omdat it tema yn guon Europeeske lannen hiel gefoelich leit. De Fryske steaten binne fan betinken dat de EU nei syn ynwenners harkje moat. Se binne bliid dat der rûnom yn Europa stipe is foar it Minority SafePack Initiative.

Dy stipe komt ek fan nasjonale en regionale regearingen en parleminten, dy’t ûnderwilens ferklearringen en moasjes oer it Minority SafePack Initiative oannommen hawwe. Sa hat de Dútske Bundestag trije wike ferlyn unanym foar in fergelykbere moasje stimd, en komme der hjoed moasjes yn stimming yn de Twadde Keamer en yn it Europeesk Parlemint. Dy moasjes sille it nei alle gedachten royaal helje. By dy moasjes heart dus ek dy fan de Fryske Steaten dy’t juster Steatebreed oannommen is: “Europeeske Uny, hâld rekken mei it Frysk en oare lytsere talen yn Europa! Sjoch nei de foarstellen fan it Minority SafePack Initiative, dy’t goed binne foar ús regio’s en ús talen, en nim se oer!”

desimber 17, 2020 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.