Fryslân giet troch mei leechdrompelige voucherregeling

desimber 10, 2020 08:44

Foto © Provinsje Fryslân

De Voucherregeling MKB Fryslân, in leechdrompelige subsydzjeregeling foar ûndernimmers, is in sukses. De regeling wurdt dêrom yn 2021 opnij iepene. Dan is der dêr € 900.000 beskikber foar. Undernimmers kinne subsydzje oanfreegje foar ûnder mear: bedriuwsûntwikkeling, ynnovaasje, duorsumens en oplieding fan personiel.

Deputearre Sander de Rouwe: “Wy sette mei voucherregeling net allinne op ynnovaasje yn, mar ek op in libben lang learen foar meiwurkers. It trochgean mei ûntwikkeljen en learen wurdt yn de kommende jierren allinne mar wichtiger.” Undernimmers kinne subsydzje krije om ekstern advys yn te winnen, rjochte op bedriuwsûntwikkeling, ynnovaasje of strategysk HR. Dêrby kin tocht wurde oan bygelyks plannen dy’t op sirkulêre ekonomy rjochte binne, it ferbetterjen fan de fitaliteit fan personiel, it ynspyljen op de krapte op de arbeidsmerk en it digitalisearjen fan de organisaasje.

Op 8 desimber 2020 is de Voucherregeling MKB Fryslân foar de kommende trije jier troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân fêststeld. Fan 4 jannewaris 2021 ôf kinne ûndernimmers subsydzje oanfreegje fia Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Bedriuwen dy’t al earder subsydzje krige hawwe, kinne ek opnij in oanfraach dwaan.

In libben lang leare
Fan 2021 ôf is it ék mooglik om subsydzje te krijen foar opliedingsaktiviteiten. Foar opliedingsaktiviteitenkin maksimaal € 5000 de oanfraach subsydzje beskikber steld wurde. Sa besiket de provinsje Fryslân by te dragen oan in takomstbestindich Frysk MKB, dêr’t in lokkige, sûne en sirkulêre takomst sintraal yn stiet.

desimber 10, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.