Fryslân DOK-searje ‘De berchrede fan it flakke lân’

desimber 23, 2020 08:52 Fernijd

Yn de maitiid fan 2020 ferlamme de koroanakrisis de maatskippij foar in grut part. Mar dy opleine stilte joech ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hoe sil de wrâld derút sjen nei de krisis? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Fryslân DOK frege acht tinkers om in essay te skriuwen mei harren ideeën foar it post-koroanatiidrek.

Nynke Laverman (foto: Omrop Fryslân)

Programmamakker Bart Kingma gie mei harren yn petear. Mei-inoar foarmje dy ferhalen ‘De berchrede fan it flakke lân’. Elkenien skriuwt syn part en wiist yn in rjochting dy’t wy ynslaan kinne, as we dat wolle. Under it motto ‘It lân fan moarn freget de moed fan hjoed’ makke Fryslân DOK fjouwer ôfleveringen mei alle kearen twa skriuwers. Oan it wurd komme: boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma, terapeute Greet Andringa, sjongeres Nynke Laverman, sivyl yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.

Theunis Piersma (foto: Omrop Fryslân)

‘De berchrede fan it flakke lân’ is útstjoerd yn de simmer fan 2020. Fan 26 desimber 2020 oant en mei 16 jannewaris 2021 wurdt de searje werhelle: alle sneonen om 15.30 oere by NPO2 (Nederlânsk ûndertitele) en alle sneinen by Omrop Fryslân fan 17.00 oere ôf.

26 en 27 desimber diel 1: Ineke van Gent en Oeds Westerhof
2 en 3 jannewaris diel 2: Theunis Piersma en Greet Andringa
9 en 10 jannewaris diel 3: Nynke Laverman en Govert Geldof
16 en 17 jannewaris diel 4: Jabik Veenbaas en Anja Haga

Govert Geldof en Bart Kingma (foto: Omrop Fryslân)

desimber 23, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.