Fryske tsjerketsjinsten op Omrop Fryslân

desimber 9, 2020 18:45

Ynstjoerd

It Frysk sit yn de tsjerke noch altiten op janpoepsplak en dat is yn dizze koroanatiid allinnich mar slimmer wurden. Waarden der earder geregeld Fryske tsjinsten holden, se binne op it stuit op de fingers fan ien hân te tellen sûnt de measte tsjerketsjinsten digitaal te folgjen binne. Mar dizze trend is al langer oan ‘e gong. Sa waard yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer yn it ferline in pear kear yn it jier in folslein Frysktalige tsjinst holden. Koartlyn waarden dy ferfongen troch it út en troch sjongen fan in liet, of it útsprekken fan in bibeltekst yn it Frysk. Fryske preken waarden alhiel ôfskaft. Der soe gjin belangstelling foar wêze. Ut eigen ûnderfining wit ik dat dat argumint net doocht: by Fryske tsjinsten siet de tsjerke meastal grôtfol.

Sûnt koroana lizze, lykas bekend, fysike tsjerketsjinsten foar it grutste part stil. Omrop Fryslân is yn it gat sprongen troch alle wiken in tsjinst út de Frjentsjerter Martinitsjerke wei út te stjoeren. Dy blike in grut sukses te wêzen. Se wurde folge troch in protte minsken yn sawol Fryslân as de rest fan Nederlân en sels yn it bûtenlân. Neffens OF-haadredakteur Ingrid Spijkers sjogge dêr gemiddeld 40.000 – 60.000 minsken nei (LC 21-11-2020). It leit foar de hân dat de belangstellenden fan bûten Fryslân wol in bân mei Fryslân en it Frysk hawwe.

Mei yngong fan takomme jier wurdt dat inisjatyf fuortset troch in wurkgroep dy’t derfoar keazen hat om dy wyklikse tsjinsten alle moannen út in oare Fryske tsjerke wei te stjoeren, ek as der gjin koroana mear is. Dat bart dan ûnder de betingst dat it in oekumenyske tsjinst wurdt en dat der omtinken jûn wurdt oan it Frysk (of in Fryske streektaal) yn de foarm fan in bibellêzing, gebed of liet. Ik pleitsje derfoar dat dy tsjinsten in kear of wat yn it jier folslein yn it Frysk holden wurde. Ik tink dat in Frysktalige tsjinst, ynklusyf de preek, Friezen neier oan it hert leit as Hollânske tsjinsten, dy’t altiten ôfstanliker bliuwe. Dan hat in Frysktalige stjoerder as Omrop Fryslân in tafoege wearde. As it giet om Hollânsktalige tsjinsten, dy binne wol te folgjen op NPO 2.

Jehannes Elzinga (bestjoerslid Ried fan de Fryske Beweging)
Frjentsjer

desimber 9, 2020 18:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.