Fryske studinteferiening Aldgillis yn Delft stiet op út it grêf

desimber 3, 2020 21:49

It grêf fan kening Aldgillis yn Starum, yn bettere tiden. Foto: Romke Kroondijk

Tweintich jier lang wie der yn Delft gjin Fryske studinteferiening. Formeel bestie der wol ien, mei de namme Aldgillis, mar de lêste leden dêrfan wienen al lang lyn ôfstudearre en der wie net ien mear ree om de boel draaiende te hâlden.

Dat is no lykwols feroare. In pear jonge Friezen yn Delft misten it kontakt mei provinsjegenoaten yn de Súd-Hollânske studintestêd. Marten Wijnja fan Wommels, studint masinebou, praat op it stuit mei it lêste en formeel noch sittende bestjoer oer it oernimmen fan de bestjoersfunksje troch jonge minsken. De nije leden wolle ek de tradysje wer yn eare werombringe om it (sabeare) grêf fan kening Aldgillis yn Starum kreas te hâlden. Eins hie dat dit jier al sillen, mei in lytse seremoanje, mar troch de koroanagoarre koe dêr neat fan komme. Takom jier sil it lykwols heve, seit Marten Wijnja.

desimber 3, 2020 21:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.