Fryske Steaten stypje Europeeske maatregels foar lytse talen

desimber 14, 2020 23:29

In hiele romme mearderheid fan de Fryske Steaten wol dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâldt mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is. Dat docht de FNP yn in parseberjocht te witten.

Op syn minst tsien fan de tolve partijen yn de Fryske Steaten, sa skriuwt de FNP, tsjinje mei-inoar in moasje yn om stipe te jaan oan it Minority SafePack Initiative. Dat is in rige ideeën om lytse talen te stypjen. Dy ideeën binne koartlyn yn it Europeesk Parlemint bepraat. Se binne ûntwikkele troch de ynternasjonale organisaasje FUEN en it behanneljen derfan yn it Europeesk Parlemint is dien op oanstean fan mear as in miljoen Europeanen, dy’t dêrta harren hân ûnder in petysje set hawwe.

It is net útsletten dat de Fryske Steaten ienriedich ta stipe beslute: de steateleden fan it eardere Forum en fan de PVV moatte noch beprate oft sy de moasje ek stypje sille.

desimber 14, 2020 23:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.