Frysk Museum lansearret Alma-Tademarûnte
Resint ferskynd
- Maatregels neilibje bêste remeedzje tsjin opkringen Britske fariant 0
- Kafka syn ‘Metamorfoaze’ no ek yn it Frysk 0
- Ald-Cambuurtrainer Henk de Jonge ferstoarn 0
- Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier 0
- Biden hat ambisjeuze plannen foar earste 100 dagen 0
It Frysk Museum lansearret in eksklusive freoneklup foar minsken dy’t it museum in waarm hert tadrage. Mei in jierlikse bydrage fan € 1.000 of mear meitsje leden fan de Alma-Tademarûnte nije oankeapen foar de kolleksje mooglik. Dêrmei kin it museum yn Ljouwert syn samling erfgoed en keunst fierder útwreidzje en bliuwt de kolleksje ek yn ’e takomst de skatkeamer fan Fryslân.

Lawrence Alma-Tadema, ‘The entrance to a Roman theatre’, 1866 (boarne: Wikipedia/Frysk Museum – publyk domein)
As tank nûget it museum de leden jierliks út foar eksklusive eveneminten, lykas lêzingen of ekskurzjes. Boppedat wurde leden útnûge foar spesjale foarpriuwkes fan nije útstallingen en kinne se fergees it museum yn. It lidmaatskip is op persoanlike titel en jildt foar maksimaal twa persoanen. By in jierlikse jefte fan op syn minst € 1.000 binne ek belestingfoardielen fan tapassing. Sjoch om diel te nimmen of mear ynformaasje op friesmuseum.nl/almatademakring.
Alma-Tadema
De nije freoneklup is ferneamd nei keunstner Lourens Alma-Tadema (1836-1912). Tadema wurdt berne yn Dronryp, studearret oan de keunstakademy fan Antwerpen en set him úteinlik yn Ingelân nei wenjen. Dêr falt syn wurk tige yn ’e smaak, lykas yn Amearika. As gjin oar wit er sênes út de klassike âldheid ta libben te bringen. Hy is rûnom ferneamd en wurdt sels riddere. Dêrnei giet de skilder as Sir Lawrence Alma-Tadema troch it libben. Syn ferliedlike Romeinske froulju en dreamerige fiergesichten foarmje letter de ynspiraasje foar inkelde spektakelfilms út Hollywood. Under mear tanksij skinkingen fan de skilder sels en syn dochters, beskikt it Frysk Museum oer de grutste Alma-Tademakolleksje fan Nederlân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje