Frysk Museum en Prinsessehôf trochstean koroanajier 2020

desimber 30, 2020 08:51 Fernijd

It Frysk Museum yn Ljouwert koe de skea troch Covid-19 dit jier beheine troch ekstra stipe fan nasjonale en regionale oerheden en de suksesfolle útstalling Wij Vikingen. Fan de earste tydlike sluting op 13 maart ôf bleau it museum sichtber troch rûnliedingen, wurkateliers, ûnderwiisprogramma’s en útstallingen digitaal beskikber te meitsjen. Mei in ynklusyf edukaasje- en aktiviteiteprogramma berikte it museum in breed publyk: fan bern út it spesjaal ûnderwiis oant minsken mei demintens.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

De musea sleaten trije kear de doarren fanwegen Covid-19: fan 13 maart oant en mei 1 juny, fan 4 oant en mei 18 novimber en opnij fan 15 desimber ôf. De stipefûnsen fan de nasjonale en regionale oerheden makken it mooglik om de kontinuïteit fan it Frysk Museum en it Prinsessehôf te boargjen, ek foar de kommende jierren, en keunstners en zzp’ers oan it wurk te hâlden.

Online gie it Frysk Museum ûnderwilens troch mei it fertellen fan it Ferhaal fan Fryslân, mei live rûnliedingen en lêzingen troch konservatoaren út harren wenkeamer wei. Sûnt 4 maaie is de útstalling Oog in Oog met Oorlog mei de fêste presintaasjes fan it Frysk Fersetsmuseum online te besjen fia virtueletour.friesverzetsmuseum.nl. De webside Thuis doen, mei kolleksjeferhalen, blochs, podcasts en spultsjes wie populêr. Yn totaal waarden dy digitale útstallingen en aktiviteiten 30.000 kear besite.

Foto: Frysk Museum

Museum op school, dêr’t museumdosinten in museumles oer Other.Wordly by yn ’e klasse joegen, loste foar skoallen it fraachstik fan ferfier yn koroanatiid op. Yn Fotomysteries rôp it museum de help yn fan de Fryske mienskip by it ûndersykjen fan de fotokolleksje. Fan goed de helte fan de foto’s waard ûntdutsen wa’t derop stiene en wat it ferhaal derefter wie. It museum lansearre mei Bries, in gearwurking mei keunstinisjatyf VHDG, in oprop om de Fryske keunstners in hert ûnder de riem te stekken. By einbeslút koe elkenien yn de tsjustere desimberdagen in fergees kaartsje nei pake en beppe ferstjoere fia friesmuseum.omapost.nl.

Besikers
Nettsjinsteande de beheiningen kamen der 74.000 besikers nei it Frysk Museum. Fan harren kamen 52.000 fan bûten de provinsje; 36.000 minsken kamen spesjaal foar it museum nei Fryslân ta. Dat wie benammen te tankjen oan Wij Vikingen. Mei-inoar joegen de besikers mear as trije miljoen euro út oan iten en drinken, oernachtsjen, winkeljen en oare aktiviteiten. 6.700 minsken bleauwen ien of ferskate nachten sliepen. It museum soarge sa foar mear as 10.000 oernachtingen yn ’e regio.

Prinsessehôf (foto: Ruben van Vliet)

Keramykmuseum Prinsessehôf
Tanksij ekstra stipe fan it ministearje fan OCW hat Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert dit jier goed trochstien. It museum wie yn totaal fjouwer moanne ticht yn ferbân mei Covid-19. Online berikte it Prinsessehôf in breed publyk mei live rûnliedingen, online kolleezjes, digitale ûnderwiisprogramma’s en in podcast oer Nassaustêd Ljouwert mei boargemaster Sybrand Buma. It museum gie yn ’e simmer wer iepen mei twa fêste eksposysjes oer syn bekendste âld-bewenners: grafikus M.C. Escher en Maria Louise, stammem fan it keningshûs. De teesalon en de tún waarden renovearre. Yn ’e hjerst iepene Human After All: Ceramic Reflections in Comtemporary Art. Keunstleafhawwers út hiel Nederlân wurdearren de útstalling heech mei in 8,4.

Nei’t op 1 juny it Prinsessehôf wer iepengie, luts it likernôch de helte minder besikers as gebrûklik. Yn totaal ûntfong it museum 25.000 minsken. Besikers kamen faker út de eigen provinsje en in protte hiene al faker west. Troch in beheind tal kaartsjes yn ’e healoere, online kaartferkeap, rinrûtes en hygiënemaatregels joegen alle besikers oan har feilich te fielen yn it museum. Nettsjinsteande de beheiningen kamen dit jier dochs noch 12.000 besikers spesjaal foar it museum nei Ljouwert. Hja joegen mei-inoar oardel miljoen euro út oan winkeljen, iten en drinken en oernachtsjen. 2.300 minsken oernachten ien of mear nachten yn de stêd of omjouwing. It Prinsessehôf soarge sa foar mear as 3.500 oernachtingen yn ’e regio.

Maria Louise troch Louis Volders (boarne: Prinsessehôf)

Utstallingen
De grutste publykslûker dit jier wie Gezonken Schatten. De útstalling wûn yn Londen in sulveren Muse design award. Oant 30 augustus luts de útstalling 17.000 minsken. Dy wurdearren de ústalling mei in 8,3 en de NRC neamde de eksposysje ‘indrukwekkend’.
Sûnt 10 oktober toane ynternasjonaal fêstige keunstners en opkommend talint út east en west skulptueren en ynstallaasjes yn Human After All. Yn ’e hjerst iepene ek Babs Haenen: Beauty is in the Eye of the Beholder. De ynternasjonaal ferneamde keramist makket al desennia furoare yn de keramykwrâld en waard dit jier eare mei de Van Achterberghpriis.

Sûnt de simmer besteget it Prinsessehôf ek permanint omtinken oan twa fan syn ferneamdste bewenners. Yn in yntime presintaasje yn ’e kelder fan it gebou bringe foto’s, filmfragminten en foarwerpen de jeugd fan M.C. Escher tichterby. Strjitkeunstner Leon Keer makke in grutte trijediminsjonale muorrenskildering, ynspirearre op it wurk ‘Hol en Bol’. Boargemaster Buma makke it earste selske yn it keunstwurk. Mei de útstalling Maria Louise, prinses van Oranje-Nassau, is wat te sjen fan it rûzige libben fan de stammem fan ús hjoeddeiske keningshûs.

desimber 30, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.