Frysk Fersetsmuseum lovet priis út oan edukative WOII-projekten

desimber 6, 2020 08:52

Learlingen dy’t yn 2019 of 2020 in profylwurkstik makken oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân en skoallen dy’t dêr in projektwike oer organisearren, meitsje kâns op de Frysk Fersetsmuseumpriis 2020. Dy kâns is der likegoed foar jongelju dy’t wat oars dien hawwe om it oantinken oan oarloch, besetting en ferset libben te hâlden.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

It Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert is op syk nei learlingen, studinten, learkrêften en dosinten dy’t wat bysûnders diene oer de Twadde Wrâldoarloch. De winner ûntfangt in jildbedrach fan € 500. De priis wurdt yn ’e maitiid útrikt. Oanmelde kin noch oant 1 febrewaris 2021 fia onderwijs@friesmuseum.nl. Mear ynformaasje is te finen op friesverzetsmuseum.nl.

It is dit jier 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútske besetter. Yn dit bysûndere jier is folop weromsjoen op wat dy oarloch betsjut hat, en is stilstien by frijheid. Friezen dy’t wat dien ha om it oantinken oan oarloch, besetting en ferset libben te hâlden, kinne meidwaan oan de tredde edysje fan de Frysk Fersetsmuseumpriis. Dy wurdt om it oare jier útrikt. De foarige edysje waard wûn troch learlingen fan it Stedsgymnasium Ljouwert en CSG Liudger Drachten tanksij harren profylwurkstikken.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Betingsten
Om meidwaan te kinnen, moat it projekt of produkt oan in stikmannich betingsten foldwaan. Sa moat in ferhaal of fmoatte ferhalen sintraal stean en hat it produkt of projekt in helder reitsflak mei de oarlochsskiednis fan Fryslân en/of de betinking dêroan. Dêrneist moat de ynstjoering ûntwikkele wêze foar of troch jongelju fan 11 oant 21 jier. In deskundige sjuery beoardielet oan ’e hân fan ferskate kritearia wa’t foar de priis yn ’e beneaming komt. Dêrby falt te tinken oan ûnder mear djipgong, orizjinaliteit, entûsjasme en kreativiteit yn it projekt, mar ek de ynset fan de makkers wurdt beoardiele.

De Frysk Fersetsmuseumpriis is mei mooglik makke troch de Stifting Fryslân 1940-1945 en de Stifting Snits 1940-1945. It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum.

desimber 6, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.