‘Frijheid boppe alles’, koroanafeilige eksposysje yn Ketliker Skar

desimber 18, 2020 08:58

Nijs fan It Fryske Gea

Sûnt juster is de tentoanstelling ‘Frijheid boppe alles’ by ynformaasjesintrum It Beekpronkje yn Ketlik te besjen. Yn it natuergebiet Ketliker Skar wiene yn 1944 trije wapendroppingen. Yn it ramt fan 75 jier frijheid binne de ferhalen dêroer opdjippe. Yn wurd en byld wurde se no werjûn oan de bûtenkant fan it ynformaasjesintrum. Se binne ek te beharkjen by pylders dy’t mei de earmtakke of de knibbel te betsjinjen binne. Sa is It Fryske Gea ek gastfrij yn koroantiid.

foto © IUt Fryske Gea

Hoe’t de droppingen krekt ferrûnen, wa’t dêrby belutsen wiene en hoe’t boeren soargen foar opslach en fersprieding fan de wapens, is ferline jier útsocht en betocht mei in symboalysk monumint. Trije neibesteanden fertelden harren famyljeferhaal: Roelie Mulder, dochter fan de boer op Moskou, de no 89-jierrige dochter fan Bouwe van Ens, dy’t krekt foar de befrijing deasketten is, en Sabyna Boersma, pakesizzer fan Jelle Boersma, dy’t ek fusillearre is. Harren ferhalen, dy’t jin djip yn it moed taaste, ferrykje by in kuier troch it Ketliker Skar it belibjen fan de natuer. Efter in op it earste gesicht gewoan stikje lân, omseame troch bosk, blykt ynienen in bysûndere skiednis ferskûle te wêzen.

Foto © It Fryske Gea

De eksposysje oan de Skoatterlânswei 24a is foar publyk iepen en op eigen inisjatyf te besjen, fansels mei respekt foarinoar en foar de natuur. Oer de muorre mei teksten en foto’s rint it skeane dak fan it besikerssintrum. It Fryske Gea freget besikers om der rekken mei te hâlden dat it te drok wêze kin en dêrom ek in alternatyf te plannen. It advys is: mocht it parkearplak fol wêze, ryd dan troch en kom in oare kear werom. De eksposysje bliuwt noch wol in tiid.

Sjoch ek it filmke hjirûnder.

 

 

 

desimber 18, 2020 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.