Frâns Kuipers: Opstappe
Resint ferskynd
Kollum
Yn myn eigen omkriten haw ik it koroanafirus fan tichtby meimakke, en no wit ik noch better dat dit tsjustere firus net te fergelykjen is mei in gewoan grypke, sa’t firusûntkenners tinke en beweare. Firusûntkenners fiele har sterk yn harren bewearing, omdat de media – de saneamde ‘mainstream’ – op NPO yn ’e regel allinne wittenskippers, firologen en politisy oan it wurd litte dy’t mei somtiden tsjinstelde konklúzjes it kabinet advisearje wat de bêste oanpak is om it firus te bestriden. It resultaat is dat it folk yn ’e war brocht wurdt en is. De measte minsken wolle gelokkich wol om lyk en drage as makke skiep it mûlekapke, dat neffens Jaap fan Dissel, de grutte baas fan it RIVM, eins net helpt. It faksin moat ús rêding bringe.
Wy hawwe ek merkbite kinne dat Hugo de Jonge, CDA-minister fan folkssûnens, der ek mei oan is. It waard him allegearre te dreech. Hy hat it listlûkerskip fan it CDA ynlevere. Wopke Hoekstra, CDA-minister fan jildsaken, hat dat fan him oernommen, mei ynstimming fan Pieter Omtzigt, de feitlike twadde man fan it CDA. Hy besiket it echte CDA-gesicht wer boppe wetter te krijen. Hy hat him bleat jûn. Oars sein: Hy stapt op as listlûker. Knap wurk en it CDA kin wer foarút.
Belestingsaffêre
In oare kwestje dêr’t ik slim fan skrokken bin is, dat de Nederlânske oerheid ûnminsklik en wreed wurke hat by it takennen en weromfoarderjen fan taslaggen foar berne-opfang. Guon dy’t taslaggen krige hiene, waarden as fraudeur oantsjut as der in formulier, by fersin, net hielendal goed ynfolle wie. Fansels binne der altyd minsken dy’t net terjochte beskykje om te profitearjen fan útkearingen, mar om dan elkenien as fraudeur del te setten, dat roait nearne nei. De goeden moasten it mei de tsjoeden ûntjilde.
Wy meie bliid wêze mei politisy as Renske Leijten (SP) en Pieter Omtzigt (CDA), dy’t oanhâlde as storein as se rûke dat de oerheid flateret. Tegearre hawwe se fochten as liuwen om boppe wetter te krijen dat de oerheid ‘willens en wetens’ tûzenen minsken finansjeel en persoanlik yn ’e fernieling brocht hat. Under lieding fan Rutte I, II en III hawwe alle ferantwurdlike ministers en steatssekretarissen tsien jier lang besocht om ‘rjocht te praten wat krom wie’.
Bûge of barste
In wetlike ûndersykskommisje út de Twadde Keamer hat beliedsamtners fan de belestingtsjinst en de ferantwurdlike ministers ûnder ede befrege oer harren dwaan en litten yn dizze kwestje. In hiel soad antwurden fan de ferantwurdliken kamen oer as weidûke foar de eigen ferantwurdlikheid. Elkenien hie in bytsje skuld oan wat der allegearre bard is, dus dan is der net ien oan te wizen dy’t haadskuldige is. No, dy is wol dúdlik oan te wizen yn myn eagen. Dat is it hiele kabinet, ynklusyf Lodewijk Asscher fan de PvdA, dy’t doetiids ien fan de ferantwurdlike ministers wie. Ik haw grútsjen heard dat der sprake is fan meineed, want der binne guon dy’t ûnder ede net de wierheid sprutsen hawwe. Dus dat mûske kriget noch wol in sturtsje. Pieter Omtzigt giet dêr fierder efteroan. Bûge of barste.
Opstappe
It is fansels prachtich is foar alle minsken dy’t troch dizze affêre yn de problemen kommen binne, dat se op foarhân allegearre € 30.000,- krije. Elkenien is der bliid mei. Mar it tûke fan kabinet Rutte is dat it sa besiket om de stoarm bedarje te litten en sa de politike fraach fan ‘ôftreden’ besykje te omsilen. It is fansels ek net maklik om op dit stuit – mei koroana as enoarm probleem dat om in goeie oanpak freget – it kabinet nei hûs te stjoeren. Ik bin benijd hoe’t de Twadde Keamer it oanpakke sil. As ik it foar it sizzen hie, dan hie ik mar ien oplossing en dat is ‘Opstappe’!
De partisipaasjewet fan Asscher PvdA rjochtet by minsken yn ‘e bystân itselde soart leed en ûnrjocht oan as de Taslaggenaffêre.
moat Hoekstra no ek opstappe? Liket my wol
Ja! Hoekstra moat neffens my ek opstappe…
Dit is in systeem fout yn de NL poityk. Neffensde lear fan de politike ferantwurding moat it hiele regear opstappe, en Asscher winliken ek.
It is net oars, mar oars kin de oerheid oral Mei fort komme