FNP-PvdA-GL:  fraachtekens by evaluaasje Top Dutch

desimber 12, 2020 10:35

De evaluaasje fan Top Dutch kriget yn de Fryske Steaten noch in polityk sturtsje. De fraksjes fan FNP, PvdA en GrienLinks stelle mei-inoar skriftlike fragen oer it útbliuwen fan oantoanber resultaat en it trochsetten fan dy ekonomyske marketingkampanje fan de trije noardlike provinsjes.

De evaluaasje fan Top Dutch troch buro ERAC ropt nochal wat fragen op. De konklúzjes fan de media liigden der ek net om. Sa wie it ûndúdlik oft TopDutch wol bydroegen hat oan it ynheljen fan nije bedriuwen. De partijen freegje no oft it Kolleezje fan Deputearre Steaten oantoane kin dat de kampanje wol wat opsmiten hat. Se wolle ek witte oft de buro’s dy’t ynhierd binne wol opdracht krige hawwe neffens de Europeeske oanbestegingsregels.

Mienskipsjild
Yn TopDutch hawwe de provinsjes € 1,2 miljoen mienskipsjild stutsen. Dêrta is it belangryk om te witten hoe’t it projekt ta stân kaam en hoe’t de opdracht oanbestege is. Mar, sa’t RTV Drenthe op 10 novimber 2020 skriuwt: “Precies die twee zaken, die bepalend waren voor de resultaten van de imago-campagne, daar beweegt het ERAC-rapport met een boog omheen.” It liket de fraksjes goed om nochris goed, troch in ûnôfhinklike partij, bygelyks in akkountant, dy earste faze kontrolearje te litten om in ein te meitsjen oan alle rûs.

Besmet
In pynlike fraach is oft de namme TopDutch sa stadichoan net tefolle ‘besmet’ rekke is, om der sa mei troch te gean. It Kolleezje giet wol fan it lêste út. Dat wol de opdracht no trochskowe nei de NOM. De trije partijen freegje oft it net better is en gun dat op basis fan priis/kwaliteit oan de bêste bieder en oft it Ljouwerter WorldTradeCenter, mei direkt en yndirekt tûzenen kontakten op wrâldskaal, net yn byld brocht wurde kin. De fraksjes wolle de antwurden hawwe foardat der yn de Steaten op 6 jannewaris in debat is oer de nije Beliedsnota Ekonomy.

desimber 12, 2020 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.