Fjouwerdielige searje foar bern oer dea en ôfskie
Resint ferskynd
As ien deagiet, is dat tige fertrietlik. Der bart in hiele protte yn koarte tiid, en bern hawwe dêr faak in protte fragen oer. Yn de nije fjouwerdielige Klokhuis-searje oer dea en ôfskie giet presintatrise Eva Cleven op syk nei antwurden, en praat se mei bern dy’t in stjergefal meimakke hawwe.
“In libben sûnder ôfskie bestiet net” – Stine Jensen (filosoof)
Yn ’e searje wurdt mei ferskate stappen troch it proses fan dea en ôfskie hinne gien. Begûn wurdt mei de fraach: Wat is dea eins, en wat bart der yn it lichem? Yn ’e earste ôflevering besitet Eva in mortuarium en fertelle bern oer harren ûnderfining mei in dea lichem. Is it grizelich om in dea minske te sjen en oan te reitsjen? Der is ek omtinken foar wat de dea betsjut yn ferskate kultueren, lykas de Surinaamske en islamityske. En wêr’t men hinne giet, as men dea is.
Yn de fierdere ôfleveringen stiet sintraal hoe’t men ôfskie nimt. Foar de begraffenis of de kremaasje wurdt ien opbierd. Hoe giet dat yn syn wurk? In deskundige jout oan hoe wichtich oft ôfskie nimmen is foar it rouproses. Hoe is it om as bern in bydrage te leverjen oan in begraffenis of kremaasje? Dêrneist is der omtinken foar praktyske saken: der wurdt sjen litten hoe’t begraven en kremearjen yn syn wurk giet, en hoe’t bern in begraffenis of kremaasje belibbe hawwe.
“Rou is eat dêr’t men mei libje moat, en net tsjín libje moat” – Jip, 16 jier
De lêste ôflevering giet oer rou. Hoe fielt it as ien fan wa’t men hâldt, deagiet? En hoe giesto dêrmei om? Der komme deskundigen yn rouferwurking oan it wurd, en bern jouwe tips.
Sindsjijdoodbent.nl
By de rige ferskynt it webstee www.sindsjijdoodbent.nl (fan 21 jannewaris ôf live). Fia dy wei kinne bern dy’t ien ferlern hawwe, hielendal anonym, op in firtueel briefke skriuwe hoe’t se har fiele. Bern kinne inoars berjochten lêze, en sa ûnderfine dat it hiel normaal is om bygelyks lilk of fertrietlik te wêzen.
De searje is mei mooglik makke troch de Stichting Stimuleringsfonds Rouw.
Utstjoering: fan 21 jannewaris 2021 ôf fjouwer tongersdeis om 18.40 oere op NPO Zapp
Webstee: www.hetklokhuis.nl/doodenafscheid
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje