Feriene Keninkryk dagen isolearre fanwege mutaasje koroanafirus

desimber 21, 2020 10:41

Yn alle gefal de kommende twa dagen sit it Feriene Keninkryk op slot. Persoanen en frachtauto’s kinne der net yn en net út. Soks fanwegen de mutaasje fan it koroanafirus yn it Feriene Keninkryk. Dat waard sneintejûn let bekendmakke.

Foto: pixabay.com

De Britske ymport fan koroanafaksins komt neffens transportminister Shapps net yn gefaar. Faksins wurde foaral fia konteners ynfierd en net troch frachtweinen. Dochs wurdt troch it regear ûndersocht wêr’t tekoarten ûntstean kinne.

De minister stelde fierder dat de mutaasjes fan it koroanafirus yndied flugger fêststeld binne yn it Feriene Keninkryk as yn oare lannen, mar dat in protte lannen ek mei de fariant te krijen hawwe. De Frânske minister fan Folkssûnens liet witte dat de fariant mooglik ek yn Frankryk omgiet, al is der noch gjin offisjeel gefal meld.

De Britske premier Johnson kaam sneon mei strange maatregels foar Londen en parten fan Súdeast-Ingelân, dêr’t de nije firusfariant fluch oan terrein wint. De mutaasje dûkte al yn septimber op yn Ingelân. Yn Nederlân is earder dizze moanne ek it earste gefal fêststeld. It Feriene Keninkryk waard doe troch it Europeeske fêstelân ôfsnien. Hieltyd mear lannen, ek bûten Europa, slute har dêrby oan.

Yn ’e haven fan Dover stiene de ôfrûne dagen al lange files, want bedriuwen besykje fanwege de brútstap noch fluch fracht te ferfieren. Mar no is der der hielendal net mear trochhinne te kommen. Foar de sjauffeurs dy’t der al stiene, wurdt it lang wachtsjen en se moatte hoopje dat se noch op ’e tiid thús binne foar de Krystdagen.

It Britske reagear is hjoed yn krisisberied gear om ta in koördinearre oanpak te kommen op it mêd fan transport fan en nei it Feriene Keninkryk. EU-foarsitter Dútslân hat ek in krisisgearkomste ynlaske.

desimber 21, 2020 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.