Fergees koroanafaksin foar alle Amerikanen
Resint ferskynd
De faksinaasje tsjin it koroanafirus yn ’e Feriene Steaten kin úteinsette, no’t medisynautoriteit FDA it faksin fan Pfizer/BioNTech goedkard hat. Neffens presidint Trump wurdt de earste ynjeksje binnen 24 oeren tatsjinne. It faksin is fergees foar alle Amerikanen.
Neffens Trump is it ien fan de grutste wittenskiplike mylpeallen yn ’e skiednis. “Hja seine dat we it net foarinoar krije soene, mar hjoed hawwe wy ús doel dochs berikt”, sei er yn in opnommen taspraak. “De pandemy is dan wol begûn yn Sina, mar wy beëinigje ‘m hjir, yn Amearika.”
De faksins binne ûnderweis nei alle Amerikaanske steaten, dêr’t se de kommende wiken tatsjinne wurde sille. Miljoenen Amerikanen soene dizze moanne faksinearre wurde kinne, yn alle gefal as it faksin fan Moderna ek gau goedkard wurdt. Dat beslút fan de FDA wurdt takom wike ferwachte.
Alderen en soarchmeiwurkers komme krekt as yn in protte oare lannen it earst oan bar, om it tal deaden tebek te kringen. Yn de Feriene Steaten binne hast trijhûnderttûzen minsken troch koroana om it libben kommen. De Feriene Steaten is it fyfde lân dat it Pfizer-faksin tastiet. Earder diene Grut-Brittannië, Bahrein, Kanada en fannacht ek Meksiko itselde. De Europeeske Uny ferwachtet ein dizze moanne útslútsel te jaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje